Islamityske kalinder

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De islamitiske jiertelling is de jiertelling dy't útein set mei it jier dêr't de hidjra yn plakfynt of de emigraasje fan de profeet Mohammed fan Mekka nei Medina en komt oerien mei 15 july of 16 july 622 fan de kristlike jiertelling. It wurdt binnen de Islam brûkt om bepaalde feestdagen en dagen dêr't op fêste wurdt te beskieden. De kalinder wurdt ek brûkt yn Saûdi-Araabje en lannen om dat lân hinne. De jierren wurde dêrneffens oantsjut mei AH (Anno Hegirae), wat in latinisaasje is fan hidjra.

It islamityske jier hat 12 moannen dy't útgean fan de omrin fan it himellichem de moanne. Dêrom hat de Islamityske kalinder 11 dagen minder as in kalinder dy't basearre is op in sinnejier. Dat betsjut dat de islamityske jiertelling stadiger ferrint as de kristlike. Dat is te fernimmen oan de Ramadan, it Sûkerfeest en it offerfeest dat alle jierren in oardel wike betider begjint.

Yn soera It Berou 37 wurdt it ferbod jûn op it taheakjen of fuortlitte fan skrikkeldagen:

Wiswier, it ferstellen sil it net leauwen stypje. Dyjinge, dy't net leauwe wurde sa op 'e doele brocht. It iene jier sille hja it tastean en it oare jier ferbiede hja it(...)

Moannen[bewurkje seksje | edit source]

Fan alle moannen fan de islamityske kalinder is ramadan meast hillich. Dy moanne wie al in hillige moanne yn de tiid fan polyteisme foar de islam. Yn dy moanne sille alle moslims fêstje wilens de dei. Oan de ein fan dy moanne is der sûkerfeest.

De islamityske moannen ha de neikommende nammen:

  1. Muharram ul Haram (ôfkoarte Muharram) محرّم
  2. Safar صفر
  3. Rabi'-ul-Awwal (Rabi' I) ربيع الأول
  4. Rabi'-ul-Akhir (of Rabi' al-THaany) (Rabi' II) ربيع الآخر أو ربيع الثاني
  5. Jumaada-ul-Awwal (Jumaada I) جمادى الأول
  6. Jumaada-ul-Akhir (of Jumaada al-THaany) (Jumaada II) جمادى الآخر أو جمادى الثاني
  7. Rajab رجب
  8. Sha'aban شعبان
  9. Ramadan رمضان
  10. Shawwal شوّال
  11. Dhul Qadah ذو القعدة (of Thw al-Qi'dah)
  12. Dhul Hijja ذو الحجة (of Thw al-Hijjah)

Dagen fan de wike[bewurkje seksje | edit source]

Dy binne lykas de joadske en kristlike oardere, se begjinne mei in snein en einigje mei sneon. De freed, de dei fan 'e wike om gear te kommen, is dus net de foarste en net de lêste dei fan de wike. De freed is lykas de Joadske sabbat en kristlike snein in rêstdei, yn guon lannen binne de bedriuwen fan tongersdeimiddei ôf sletten.

  1. yaum al-ahad يوم الأحد (foarste dei)
  2. yaum al-ithnayna يوم الإثنين (twadde dei)
  3. yaum ath-thalatha' يوم الثُّلَاثاء (tredde dei)
  4. yaum al-arba'a' يوم الأَرْبعاء (fjirde dei)
  5. yaum al-khamis يوم خَمِيس (fiifde dei)
  6. yaum al-jum'a يوم الجُمْعَة ("gearkomstedei")
  7. yaum as-sabt يوم السَّبْت ("sabbatdei")

Feestdagen[bewurkje seksje | edit source]

  1. 1 moharram: Nijjier
  2. 10 moharram: Asjoera
  3. 12 rabi' I: Mawlid an-Nabi
  4. nacht van 26 op 27 radjab: Laylat al-Miraadj
  5. nacht van 14 op 15 sja'baan: Laylat al-Baraat
  6. 1 ramadan - 29 of 30 ramadan: Ramadan
  7. nacht van 26 op 27 ramadan: Laylat al-Qadr
  8. 1 shawwal: Eid al-Fitr (Sûkerfeest)
  9. 10 dzoe'l hidja: Eid al-Adha (Offerfeest)

Allinnich Eid al-Fitr en Eid al-Adha wurde oer it ginneraal as islamitiske feesten beskôge; de oaren wurde beskieden fan kultuer of beskate opfettings fan it leauwen