Saûdi-Araabje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
العربيّة السّعوديّة
Al Mamlakah al Arabiyah as Suudiyah
Flagge fan Saûdy-Araabje Wapen fan Saûdy-Araabje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Saûdy-Araabje
Offisjele taal Arabysk
Haadstêd Riyad
Steatsfoarm Absolute monargy
Gebiet
% wetter
2.149.690 km²
0,0­%
Ynwenners (2006) 25.192.720
Munt Riyal (SAR)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 24 septimber
Lânkoade SAU
Ynternet .sa
Tillefoan 966

Saûdy-Araabje is in lân yn it Midden-Easten. De haadstêd is Riyad en de kening fan de monargy is sûnt 2005 Abdoellah bin Abdoel Aziz al-Saoed.

Ynhâld

Skiednis [bewurkje seksje]

De Saûdyske steat begûn likernôch yn 1744. In regionaal lieder, Muhammad bin Saud, sette útein mei in alliânsje mei in Islamitysk reformist, Muhammad Abd Al-Wahhab, om sa ta in nije politike ienheid te kommen. Oer de neikommende hûndert en fiiftich jier wie der in waakst fan wolfeart en macht by de Saûdyske sibbe en de Wahabiten, doe't hja it Ottomaanske Ryk en Egypte en oare Arabyske sibben (lykas de Hasjemiten en de Rasjidi's) bekampten om sa de macht oer it skiereilân te krije. De Saûdyske steat waard stifte troch Kening Abdul Aziz Al-Saud (ynternasjonaal ferneamd as Abdul Aziz bin Saud).

Yn 1902, oermasterre Abdul Aziz Ibn Saud Riyadh. de haadstêd fan it Al-Saud dynasty, fan de rivalistyske Al-Rashid sibbe. Hy feroerde ek Al-Hasa, de rest fan de Nadjd en de Hidjaztusken 1913 en 1926. Yn 1932 waard dizze foarhinne partsjene gebieten troch al Saoed ferienige yn it Keninkryk fan Saûdi-Araabje, wêr Abdoel Aziz al Saoed de earste kening fan wie.

It foar it ljocht kommen fan oalje yn maart 1938 transformearre it lân ekonomysk, hokker mooglikheden biet ta grutte ekonomyske waakst.

Geografy [bewurkje seksje]

Saûdy-Araabje wurdt begrinzge troch:

Klimaat [bewurkje seksje]

Ekstreem hiet is karakteristyk foar it grutste part fan Saûdi-Araabje. It is ien fan de plakken op ierde wêr temperatueren yn de simmer boppe de 50°C normaal binne, wylst yn de winter froast en snie yn it hegere berchlân falle kinne, dochs bart dit net jierliks. De gemiddelde temperatuer yn de winter is 8° oant 20°C yn jannewaris, mar yn oare stêden lykas Riyadh en Jeddah binne de temperatueren 19° oant 29°C lykwols heech. De gemiddelde simmertemperatueren yn july sitte tusken de 27° oant 43°C, yn Riyadh en Jeddah is dan 27° oant 38°C. Om nachttiid kin it aardich kâld wurde yn de woastyn, sels yn de simmer, as it sân yn de moarntiid wêr sinneljocht krijt rinne de temperatueren rap omheech.

Jierliks is falt der net safolle rein (likernôch 100 milimeter yn de measte regioanen), lykwols kin koarte hurde reinfal foar oerstreamend lân soargje. Dochs kinne planten oerlibje yn Saûdi-Araabje, foar it grutste part wol yn de bergen fan it súd-easten en yn de legere parten fan it lân. Hja waakse fan maart oantemei maaie.

Demografy [bewurkje seksje]

Sûnt it begjin fan de 20e ieu is de befolking waakst fan mei in faktor fiiftsien, fan 1,5 miljoen ynwenners nei mear as 22 miljoen.

Keppeling om utens [bewurkje seksje]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Saudi Arabia en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.