Mekka

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Mekka (مكة of مكة المكرّمة Makka al-Mukarrama) (1.294.168 ynwenners (2004)) is de haadstêd fan de provinsje Mekka yn Saûdy-Araabje yn de histoaryske regio Hidjaz. It leit 73 kilometer fan Djedda, yn de sânderige Abrahamfallei op 277 meter boppe seenivo en 80 km fan de Reade See.

De stêd is de wichtichste stêd binnen de islam, en de hadj, de pelgrimaazje nei Mekka, is foar alle moslims ferplicht dy't it finansjeel en wat sûnens oangiet dwaan kin. Foar Moslims is de al-Masjid al-Haram, de moskee mei de Ka'aba it wichtichste plak op de wrâld. Sawol de stêd as de moskee binne streng ferbean foar eltsenien dy't gjin moslim is.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis fan Mekka

[bewurkje seksje] Foar Mohammed

De Aleksandrynsk wittenskipper Ptolemaeus (87-150) neamt yn syn wurk Geographia it plak Makuraba; moslimhistoarisy tinke dat hydêrmei bedoelde.[1]

Foardat de islam ûntstien wie soe Mekka al in wichtige hannelsstêd west hawwe. Neffens Arabyske histoaryske boarnen wie bygelyks sprake fan hannel mei it doetiidsk Byzantynske, Perzyske en oare riken, mar yn de talen fan dizze lannen wurdt nea sprutsten oer Mekka. Foar in hannelsstêd wie de lizzing geografysk sjoen lykwols in stik minder as dat fan de tichtby lizzende stêd Taif.[2][3]

Mekka luts in protte hannel oan troch de Ka'aba. Dat hillichdom - tsjintwurdich it wichtichste bouwurk yn de islam - wie doedestiids in heidensk hillichdom. De Ka'aba ferskilde fan oare hillichdommen yn Araabje, trochdat it pretindearre in universeel hillichdom te wezen. Nei sein waard ferbleaune alle 360 goaden fan it foar-islamitysk Araabje yn dat hillichdom. Dat hillichdom luts besikers oan. De stam de Koeraisj kontrolearre yn de seisde ieu de Ka'aba en dêrmei ek de hannel.

De Abessinen, kristenen dy't oarspronklik út Etioopje kammen, hienen yn de rin fan de seisde ieu in tsjerke bod Sanaa, no de haadstêd fan Jemen. Sy foelen yn it Jier fan de Oaljefant, fermoedlik 570 of 571, met oaljefanten Mekka oan.

[bewurkje seksje] Mohammed

Yn itselde jier waard neffens de oerlevering Mohammed berne yn Mekka. Syn krekte bertedei is net bekend en hy wist dizze sels nei alle gedachten ek net, omdat soks yn dy tiid net gebrûklik wie.

Doe hy fjirtich jier âld wie ûntfong er syn earste Iepenbiering yn de grot Hira, sa'n 3 kilometer bûten Mekka. In protte Iepenbierings folgen noch en dizze binne letter allegear fêstlein yn de Koran. De Mekkanen moasten earst neat hawwe fan Mohammed. Yn 622 besleat er dan dan ek om fuort te gean nei Jathrib (it lettere Medina). Dizze saneamde hidjra foarme letter it begjin fan de islamityske jiertelling. Acht jier letter kearde Mohammed nei Mekka werom, dêr hy yn 632 stoar.

[bewurkje seksje] Nei Mohammed

Nei Mohammed syn dea hawwe de earste fjouwer kalivenen noch fan Mekka út regearre, mar dêrnei waard it sintrum fan macht ferplakke nei Damaskus en letter Bagdad. Hoewol't Mekka de wichtichste stêd bleau, bleau har ekonomyske posysje beheind.

Oant 1924 regearren de Sjarifen fan Mekka oer Mekka en de Hidjaz. De sjaryf wie in streekrjochte ôfstammeling fan Mohammed. De lêste sjaryf dy't oer it gebiet regearre wie Hoessein ibn Ali. Nei it tiidrek fan Sjarifen waard it lân in part fan Saûdy-Araabje.

[bewurkje seksje] Net-moslims en Mekka

Net-moslims meie de stêd Mekke net ynkomme. De tagongswegen nei de stêd wurde dan ek kontrolearre.

Ien fan de weinige net-moslims dy't deryn slagge is de stêd te besykjen wie de Britse ûntdekker Sir Richard Burton yn 1853. Troch himsels foar in Afghaanske moslim te fermommen wist er Mekka binnen te kommen. Hy lei syn ûnderfinings fêst yn Personal Narrative of a Pilgrimage to Al Madinah and Meccah. De Nederlanner Christiaan Snouck Hurgronje besocht de stêd yn 1887, wylst er foardie as bekearling.

Gjin tagong ta Mekka foar net-moslims

[bewurkje seksje] Utdrukking

Yn it Frysk en Nederlânsk wurdt mekka ek as in soart fan namme brûkt foar oarsoartige reisdoelen, nammentlik foar oarten dy't oanlûkingskrêft útoefenje op '"beafeartsgongers" fan net-religieuze aard, yn de útdrukking it mekka fan .... Sa wurdt Las Vegas wol it mekke fan it gokken neamd, Brussel it mekka fan de strips, en Silicon Valley it mekka fan de IT-yndustry.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Fuotnoaten

  1. Watson, Peter (2005) Ideeën. De geschiedenis van het menselijk denken. ISBN 90-274-8058-3
  2. Aslan, Reza (2005) Geen god dan God ISBN 978-90-234-1753-8
  3. Crone, Patricia (1987) Meccan Trade and the Rise of Islam, ISBN 978-90-295-6282-9.
Internet-web-browser.svg 21° 25' NB, 39° 49' EL
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen