Silicon Valley

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De dyk nei Silicon Valley ta

Silicon Valley is in high-tech yndustrygebiet yn Santa Clara Valley, besuden de Baai fan San Francisco yn Kalifornje. Yn it gebiet binne in protte bedriuwen fêstige dy't harren jild fertsjinje mei it meitsjen fan apparaten en/as programma's foar kompjûters. De namme Silicon Valley komt fan it elemint silisium. Dat elemint wurdt brûkt yn chips fan ferskate apparaten.

Yn 1946 waard by de Universiteit Stanford it Stanford Research Institute (hjoeddeiske namme SRI International) delset. De ekonomyske betsjutting krige it gebiet yn 1951, doe't njonken de Universiteit Stanford it Stanford Industrial Park iepene waard. Dêrtroch fêstigen ferskillende bedriuwen har yn Silicon Valley. Yn 1969 wie it Stanford Research Institute behearder fan ien fan de fjouwer apparaten dy't diel útmakken fan ARPANET, de foarrinder fan it ynternet.[1] Hjoed de dei hawwe bedriuwen lykas Apple, Hewlett-Packard, Intel, Sun Microsystems, eBay, Google Inc., AMD en McAfee harren haadkertier yn Silicon Valley stean.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Christophe Lécuyer, "What Do Universities Really Owe Industry? The Case of Solid State Electronics at Stanford," Minerva: a Review of Science, Learning & Policy 2005 43(1): 51-71
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Silicon Valley fan Wikimedia Commons.