Kompjûter

Ut Wikipedy
Apple II, ien fan de earste persoanlike kompjûters

In kompjûter is in apparaat wêrmei’t gegevens neffens formele prosedures (algoritmen) ferwurke wurde kinne. Meastal wurdt mei it wurd kompjûter in elektroanysk, digitaal apparaat bedoeld, mar der besteane ek meganyske en analoge kompjûters. Dêrneist kin in kompjûter yn ferskillende talstelsels lykas it desimale (tsientallige) of binêre (twatallige) stelsel wurkje. De hjoeddeistige kompjûters wurkje altyd yn it binêre stelsel.

De neamde prosedueres lizze fêst yn ien of mear programma's, software neamd, dy’t troch de brûker wiksele wurde kinne. Binne de programma's net ferwikselber, dan hat men it net oer in kompjûter mar oer in ‘controller’ of ‘prosessor’.

Oarspronklik waard it Ingelske wurd computer brûkt om ien oan te tsjutten dy’t komplisearre berekkenings útfierde, mei as sûnder meganyske helpmiddels – fergelykje ek de Dútske term foar kompjûter: Rechner (rekender) en de Afrikaanske en net-ynboargere Nederlânske term foar kompjûter: rekenaar. Moderne kompjûters wurde foar folle mear brûkt as allinnich wiskundige tapassings. Ek in protte administrative en finansjele taken wurde oan de kompjûter opdrûgen, it Frânske wurd foar kompjûter wie earst ‘calculateur’ of rekkender en evoluearre nei 'ordinateur', letterlik eat dat oarderet en regelmaat oanbringt.

De wittenskip dy’t tagelyk mei de ûntwikkeling fan de kompjûter ûntstie, is de ynformatika.

Kompjûters binne yn te dielen yn in oantal types. Sa binne der superkompjûters, grutte kompjûters (of mainframes), minykompjûters, desktops, laptops en lytse mobile apparaten lykas smartphones en tablets. Nei tapassing is der ek de kategory spulkompjûters.

Sûnt de grutte opkomst fan de kompjûter wurde se ek brûkt foar ynformaasjefoarsjenning (ynternet) en amusemint. By de moderne produksje wurde kompjûters ymplemintearre om masines mei te bestjoeren en om prosessen mei oan te stjoeren, bygelyks by de assemblaazje fan auto's troch robots. Meastentiids wurdt hjirfoar in ‘programmable logic controller’ brûkt.

Troch de fiergeande ferlytsing en en snelheidsfergrutting is it hieltiten faker mooglik om funksjonaliteit dy’t foahinne yn hardware oanbrocht waard softwaremjittich te ymplemintearjen. It grutte foardiel fan dy ûntwikkeling is dat efterôf funksjonaliteit teheakke wurde kin.

Yn 1980 yntrodusearre IBM syn persoanlike kompjûter: de IBM-PC. Dit yn neifolging fan eardere inisjativen, lykas de Altair 8800, Tandy TRS-80, Apple II en Commodore PET-kompjûters en de thúskompjûters. De IBM-compatible pc waard úteinlik úteinlik de standerd (mei tsjintwurdich as ienige útsûndering de Mac), neidat in soad fabrikanten de kompjûter goedkeap kloanden en sadwaande it ûntwerp standerisearren. Wyls spilet de pc yn it deistige libben fan in soad minsken in essinsjele rol.