Oerlis:Kompjûter

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Bêste Bodders,

Yn de titel fan de Wiki's komt gauris it taheaksel "(kompjûter)" foar. As wy nei de oare Wiki's sjogge wurdt dêr allinne mei de kategory trochferwiisd. Sil ik soks by de kompjûter ek standert sa dwaan? Dan wurdt soks kategory:kompjûter. By need set ik yn de earste alinea's it begryp kompjûter. Jo hawwe yn de teksten dan net fan dy lange ferwizings/keppelings en it rint wer lykop mei de Wiki. Yn 'e Wâlden 21 aug 2007, 15.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Eins soe dizze side omneamd wurde moatte yn ‘Kompjûter (pc)’ of ‘pc (kompjûter), want yn kachels, fytsen en molkrobots sitte ek kompjûters. Mar hoe komt it dan mei de linken? Betsjuttingsside by meitsje? romke fan tomke (daam) (oerlis) 15 maa 2017, 20.40 (CEST)

It wurdt noch dreger mei't wy al in artikel Persoanlike kompjûter hawwe....Drewes (oerlis) 15 maa 2017, 21.00 (CEST)
O heden, ik sjoch it (en hie it earder sjen moatten). No is der fansels nimmen mar dan ek werklik nimmen dy’t it oer in PK hat want dan tinke se oan PaardeKracht wylst dat fansels HP fan HoarsePiid wêze moat mar dat tersijde want pc kin wol in redir op. En de tekst dy’t ik oerset ha kin hjir wol yn yntegearre wurde. En dan dochs de hiele side ‘kompjûter’ earst wiskje en dan in betsjuttingsside meitsje?romke fan tomke (daam) (oerlis) 15 maa 2017, 21.15 (CEST)
Al sitte wy dan wol wer mei de PC fansels. romke fan tomke (daam) (oerlis) 15 maa 2017, 21.19 (CEST)

Ik haw yndertiid hynstekrêft (HK) oanmakke. Hoarsepiid wit gjin minske yn 2017 wat it betsjut, mar wat in moai wurd! Ik set it as synonym yn it stikje. Fierders sille wy foar dy ôfkoartings wat oars betinke moatte. Drewes (oerlis) 15 maa 2017, 21.35 (CEST)

Dêr bin ik nochris. In redir op pc is net sa wichtich om my, se sille ‘kompjûter’ wol betinke. Inselde soarte probleem docht him foar by ‘printer’. Ik ha op ferskate plakken al ynfierd printer. Dêr soe eins ek in betsjuttingsside foar komme moatte. Hoarsepiid is in folslein eigen kreaasje, wit net iens oft it wol yn de wurdboeken stiet. Mar ik kaam der op fia HorsePower en ik neam sels de hynder wol gauris hoarsen. Faaks komt dan ek wol om ik jierren oan de Hoarslânsdyk wurke ha... En ik fyn it in moai wurd. Mar om op kompjûter werom te kommen: 'kompjûter' skrasse, oerhevelje nei persoanlike kompjûter' en dan in betsjuttingsside 'kompjûter'? Neffens my is it dan wol dúdlik. romke fan tomke (daam) (oerlis) 15 maa 2017, 21.39 (CEST)
Wat my oangiet hawwe jo de frije hân om dit nei eigen ynsjoch te beävensearjen. Mar wat my al even opfoel, wie "printer (bedriuw)". Kinne we dêrfoar net better "drukkerij" oanhâlde? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 maa 2017, 01.06 (CEST)
Is my ek goed. Sil myn bedriuwsblinens wêze, wy hiene it altyd oer nei de ‘printer’, mar dat jout fierder neat. Mar hoe sykje ik Wiki no troch op ‘printer (bedriuw)’? romke fan tomke (daam) (oerlis) 16 maa 2017, 11.15 (CEST)

fan Betsjuttingsside nei gewoane side[boarne bewurkje]

Op de list Wikipedy:Links nei betsjuttingssiden/data stiene 266 ferwizings nei "Kompjûter". De betsjuttingsside bestie út in blauwe link nei persoanlike kompjûter en in readen-ien nei Kompjûter (rekkenreau). Om se alle 266 om te wurkjen like my net echt in ferbettering, dat ik ha der in nije side "Kompjûter" fan makke. (in soad oare talen ha ek in eigen side "Kompjûter") De link nei persoanlike kompjûter is no gewoan opnomd en de betsjutting fan "rekkenreau" is op de side besprutsen. At ien in goede reden hat om de betsjuttingsside werom te wollen, dan hear ik it wol. Tulp8 (oerlis) 3 okt 2020, 16.38 (CEST)[beäntwurdzje]