Persoanlike kompjûter

Ut Wikipedy
Pc anno 2006

In personal computer (pc) | persoanlike kompjûter, ôfkoarte as pk (net gongber, op dizze side tenei koartwei kompjûter) is in kompjûter foar eigen gebrûk. Dy kompjûter wurdt brûkt foar it útfieren fan ferskate saken, lykas administraasje, tekstbewurking, ynternetferbining, programmearjen, kompjûterspultsjes, en oare saken. Men kin in kompjûter foar it wurk, ûnderrjocht en hobby brûke.

Underdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekening fan in persoanlike kompjûter
1. Byldscherm
2. Memmeboerd
3. Prosessor (CPU)
4. Wurkûnthâld (RAM)
5. Utwreidingskaarten (PCI)
6. Enerzjyfoarsjenning
7. Optyske skiif (cd-rom, dvd, blu-ray)
8. Fêste skiif
9. Toetseboerd
10. Mûs

In typyske kompjûteropstelling bestie(t) út in systeemkast en râne-apparatuer, lykas byldskerm, toetsebord en mûs.

De systeemkast (mooglik mei ynboud byldskerm) befettet altyd:

Fierder hat de systeemkast sa goed as altyd:

  • in lûdskaart dy’t oansluting fan lûdsapparatuer mooglik makket; tsjinwurdich faak yntegrearre op it memmeboerd
  • in netwurkkaart dêr’t de pc mei op in netwurk oansluten wurde kin, tsjintwurdich faak yntegrearre op it memmeboerd.
  • in cd-romspiler en/of dvd-spiler, cd-brâner en/of dvd-brâner

Op de kompjûter wurdt ek eksterne râne-apparatuer oansletten, meast op in oanslútpoarte, mar tsjinwurdich ek triedleas oanstjoerd, mei Wi-Fi, ynfraread of Bluetooth. Der binne (stân 2015) noch inkelde wichtige typen oanslútpoarten oer: USB-oansluting (Universal Serial Bus), in standerdisearre oansluting foar printers, skenners, toetseboerd, mûs, ûnthâldkaartlêzers en allerhande oare apparatuer DVI, VGA of HDMI foar it byldskerm Cat5-oansluting foar in betriedde netwurk (ethernet).

Typen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei wize fan brûken binne der ferskate kompjûtertypen:

  • Stasjonêre kompjûters, dy't fierder opdield wurde kinne yn:
    • Kantoarkompjûters (Ingelsk desktop PCs)
    • Wurkstasjons (Ingelsk workstations)
  • Draachbere kompjûters (Ingelsk laptop PCs, notebooks, wearable computers)
  • Bûsekompjûters (Ingelsk personal digital assistants as PDAs)

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

IBM Persoanlike Kompjûter, type 5150 út 1981

De earste kompjûter wie ree op 5 desimber 1941, de Z3 fan Konrad Zuse. Mar om't dat yn de Twadde Wrâldkriich wie, en om't de Z3 yn Dútslân op it ein fan de oarloch troch in bombardemint ferneatige waard, wie dat net by eltsenien bekind, en nei de oarloch tocht men dêrtroch dat de ENIAC, yn de Feriene Steaten, ree op 14 febrewaris 1946, de earste echte kompjûter wie.

De programma's foar de Z3 waarden ynfierd fia in soarte fan pûnsbân, wylst dat by de ENIAC gong troch it op 'e nij lizzen fan in part fan de betriedding. Lettere kompjûters hienen pûnsbânynfier, doe kamen de pûnskaart, de magneetbân en de magnetyske skiif. Dy magneetbannen hienen romte foar mear as ien programma of triem, en op hjoeddeiske fêste skiven stean gauris tûzenen triemmen.

In Imac út om ende by 2014

Der waarden al gau skriuwmasine-eftige systemen brûkt, om de gegevens op dy bannen te krije en foar útfier op papier. Yn de fyftiger jierren waard mei eltse kompjûter direkt ien taastboerdprinter ferbûn, foar de systeembehearder. Yn de sechtiger jierren waard der net mear op papier útfierd, mar nei in byldskerm. Dizze kombinaasje fan in byldskerm mei in kaaiboerd wurdt hieltyd noch brûkt.

De lêste jierren komt yn benammen yn de bedriuwen dy't bot hygiënysk wurkje moatte, de byldstjoerde kompjûter op. Dy kompjûter hat in taastskerm. Dêr't earder it byldkaike - Ingelsk pictogram - mei de mûs oanklikt waard, tikje jo mei in finger streekrjocht op de byldkaikes dy't op it skerm aktyf makke wurde kinne.

Tiidbalke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeistige kompjûter komt fuort út in ûntwikkeling fan de sântiger jierren ôf. Der binne mei de tiid ferskate kompjûtersoarten ûntwikkele.

  • De earste kompjûter dy't foar wurk en privee brûkt waard, wie de Xerox Alto fan it bedriuw Xerox PARC dy't fanôf 1973 produsearre waard. It wie gjin kommersjeel produkt, der binne mar in pear tûzen fan boud, mar dat wie de kompjûter dêr't de term persoanlike komjûter foar optocht waard.
  • Mei troch de ûntwikkeling fan de Alto kamen der mear typen selsbou-kompjûters, dêr't de Altair 8800 de wichtichste fan wie.
  • Yn 1975 waard de Altair 8800 makke. Dy kompjûter foar thús moast sels yninoar set wurde. Dy kompjûter hie gjin byldskerm en gjin toetseboerd, mar skeakelders en lampkes.
  • Yn 1975 brocht IBM de IBM 5100 op de merk foar wittenskiplike tapassings. It wie in yntegrearre kompjûter, mar fier bûten it budzjet fan saaklike tapassings en hobbyisten.
  • It earste yndustriële type kompjûter wie de Apple II fan it bedriuw Apple. Dy kompjûter waard op 5 juny 1977 yn de Feriene Steaten yntrodusearre. De Apple II wie dúdlik beynfloede troch de Altair, mar it wie in kant en klear produkt. Fierders koenen der kaarten taheakke wurde, foar tekstbewurking, spultsjes ensafuorthinne. It wie in kompjûter dy't feroare wurde koe ta de winsk fan de kunde. It wie de earste kompjûter mei kleuren en lûd. Troch de komst fan VisiCalc, it earste rekkenprogramma, seach de saaklike merk it nut fan de kompjûter.
  • Yn likernôch deselde tiid, 1977, waarden de earste kommersjele persoanlike kompjûters, de Commodore PET 2001 en de Tandy TRS 80 Model 1, yntrodusearre. Wat prestaasjes oanbelanget kamen dy kompjûters aardich oerien mei de Apple II. Hja hienen lykwols gjin mooglikheid foar útwreidingskaarten, gjin kleurwerjefte en gjin lûd. Net folle letter kamen ek ferskate oare merken mei persoanlike kompjûters.
  • Apple hie it yn syn reklame-uterings oer de Apple II al oer in Personal Computer; IBM wie lykwols as earste fabrikant dy’t syn kompjûters de type-oantsjutting Personal Computer joech, en waard dêrtroch wol de bekendste.
  • Om't de klant yn de lette sântiger jierren, mei it sukses fan de Apple II en oaren, frege om kompjûters, begûn ek IBM mei de ûntwikkelingjen fan in eigen persoanlike kompjûter. Oars as by de 5100 waard no keazen foar goedkeape en maklik beskikbere oplossings. De kompjûter dy't IBM op 12 Augustus 1981 yntrodusearre, hie in 8-bit ISA bussysteem, mei kleure-opsje en lûd. IBM hie syn earste kompjûter fan in Intel-8088-Prosessor foarsjoen, in net sa krêftige ferwurkingsienheid, mar ien dêr't hja ûnderfining mei hienen. Dy hie levere wurde moatten mei in oanpaste ferzje fan CP/M, dy't normaal op krêftigere kompjûter's draaide, maar om't IBM dat net foarelkoar krije koe, waard de kompjûter levere mei it ôfwikende bestjoeringsysteem PC-DOS, dat troch Microsoft oan IBM levere waard.
  • 12 augustus 1981: De earste IBM Personal Computer wurdt foarsteld op in parsekonferinsje yn it Waldorf-Astoria Hotel yn New York.
  • Yn 1984 yntrodusearre Apple de Apple Macintosh, de earste kompjûter mei in grafyske brûkersomjouwing. Dat betsjutte in revolúsje foar de kompjûtermerk.
  • Yn 1985 yntrodusearre Microsoft de earste ferzje fan Windows. Dat wie de earste grafyske brûkersomjouwing foar IBM-kompatibele kompjûters. Yn tsjinstelling ta de Macintosh is dy op meardere kompjûters te brûken yn stee fan allinnich op eigen produkten, dêr tanket Windows syn súkses oan. De earste ferzje waard lykwols gjin súkses.
  • Yn 1992 brocht Microsoft Windows 3.1 út. Fan Windows 3.1 ôf krige Microsoft Windows grutte bekendheid. Dat is benammen te tankjen oan de tekstferwurker Word, en troch de opkomst fan multymedia en ynternet.
  • Yn datselde jier bringt Linus Toralds de earste ferzje fan Linux út, in 32-bits-, opensource-, multybrûker-, multytasking POSIX-bestjoeringssysteem dat op in persoanlike kompjûter draait.
  • Yn 1995 brocht Microsoft Windows 95 út. Dy kin multytaske en hat as earste Windowsferzje de taakbalke mei de startknop. Dat wie ek de earste 32-bitsferzje fan Windows. Foar thúsgebrûk soe pas fan Windows XP yn 2001 ôf gjin MS-DOS mear brûkt wurde.
  • De stân fan saken yn 2017 is dat Smartphones en Tablets in hiele bulte funksjonaliteiten fan de kompjûter oernommen hawwe sadat dy wat langer wat minder brûkt wurdt, benammen as it om thúsgebrûk giet.

Tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it begjin ôf binne de kompjûters brûkt foar berekkenings. It Ingelske wurd "Computer" betsjut dan ek "rekkender" en it suver al ferâldere Fryske wurd is rekkenreau. Yn de tachtiger jierren waard de kompûter in massaprodukt. De 'persoanlike kompûter' docht dan syn yntree en nei ferrin fan tiid wurdt MS-DOS (Microsoft Disk Operating System: Skiif Bestjoerings systeem) it meast brûkte bestjoeringssysteem De kompjûter is fan dy tiid ôf meast foarsjoen fan in tekstbewurker, in rekkenblêd en in kaartebak. Letter mei it opkommen fan ynternet kamen dêr de netsneuper en e-post as standerttapassings by. Mei de yntroduksje fan de grafyske brûkerstagong makke de kompjûtermûs syn yntree.

Mei it goedkeaper wurden fan de byldskermen kamen dêr ek kompjûterspultsjes by en mei it better wurden fan de byldskermen kamen der ek byldbewurkingstapassings. Yntusken binne kompjûters ynboud yn in protte "yntelliginte" apparaten en no't hieltiid mear kompjûters troch it ynternet ferbûn binne, wurde kompjûters mear en mear brûkt foar kommunikaasje, it finen fan ynformaasje, en it skriuwen fan in ensyklopedy.

Software[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De software (kompjûterprogrammatuer) foar in kompjûter kin ûnderdield wurde yn in tal kategoryen:

  • BIOS, Basic Input/Output System, bestiet út de meast basale funksjes dy’t it oanstjoeren fan hardware lykas ûnthâld, fêste skiif ensafh. mooglik meitsje. It BIOS wurdt levere yn in ROM-tsjip, en wurdt start sadree’t de kompjûter oanset wurdt.
  • Bestjoeringssysteem, bestiet út software dy’t it mooglik makket om kompjûterprogramma’s út te fieren. Yn it bestjoeringssysteem sitte alle ûnderdielen dy’t it mooglik meitsje om de BIOS-funksjes te brûken, mar ek foar it oanstjoeren fan râne-apparaten (mei drivers), it befeiligjen fan de kompjûter (troch brûkersprofilen te definiearjen en autorisaasje te jaan), en de grafyske omjouwing dy’t it mooglik makket de kompjûter mei mûs en/of toetseboerd te betsjinjen. As bestjoeringssysteem fan persoanlike kompjûters hat Windows fan Microsoft it grutste merkoandiel. Oare bestjoeringssystemen binne Linux (dy’t yn ferskate distribúsjes (distro’s), troch ferskate leveransiers levere wurde, lykas Red Hat, SUSE, Debian en Mandrake), en it bestjoeringssysteem foar Apples Apple Macintosh (Mac OS, of it aktuelere Mac OS X).
  • Services, foar Windows, of Daemons, foar Unix, binne prosessen dy’t op de eftergrûn draaie foar beskate saken dy’t allegeduerigen aktyf wêze moatte.
  • Applikaasjes (tapassings) binne programma’s dy’t mei in beskaat doel makke wurde of oantúgt. Foarbylden dêrfan binne tekstferwurkers, lûdsferwurkers, rekkenrprogramma’s,webblêders en databaseprogramma's. Guon applikaasjeprogramma’s kinne by in bestjoeringssysteem ynbegrepen wêze.
  • Ark of utilities binne helpprogramma’s foar bygelyks it sels skriuwen fan programma’s (compilers, interpreters, IDE's, en sokssawat), webservers, mailservers, ensafh.

Draachbere kompjûters[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it tanimmende kompjûtergebrûk kamen der njonken de kompjûter oare modellen kompjûters op de merk. De draachbere laptop waard hieltyd lichter en krêftiger, sadat dy mear en mear brûkt waarden. Sûnt sawat 2010 wurdt de noch lichtere tabletkompjûter in soad brûkt.

Hjoed de dei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de taken tekstbewurkjen en tabellekalkulaasje wurdt it multymedia mêd hyltyd wichtiger. Hjoed wurde meastal bestjoeringssystemen Windows fan merklieder Microsoft meilevere. Der bestean alternative bestjoeringssystemen lykas Ubuntu. It lêste is in iepenboarne bestjoeringssysteem.

Mei USB of sels triedleaze ferbinings lykas WAP, Wi-Fi of Bluetooth kin de kompjûter tsjintwurdich ek mei fotokamera's, mobile tillefoans ensafuorthinne kommunisearje.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • John Markoff: What the dormouse said. How the 60s Counterculture Shaped the Personal Computer Industry, New York, Viking 2005 ISBN 0-670-03382-0

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]