Printer

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
nulleprinter-meganisme

In printer printet teksten of plaatsjes op papier.

Nulleprinter[bewurkje seksje | edit source]

De matrix printer hie in printkop mei njoggen (de matriks bestie út njoggen punten) en letter mei fjouwerentweintich (de matriks hie fjouwerentweintich punten) nullen. Dy lêste fariant joech dus skerpere printen. De nudles pripten op in inketlint en sa kamen der stipkes op it papier. Om’t it inketlint yn in kassette siet, joech soks al folle minder gegriem as by de skriuwmasine. Wol rûn de kwaliteit fan it printsjen stadich efterút.

Inket(snjit)printer[bewurkje seksje | edit source]

De inkjet printer spuitet de inket, salang’t dy der is, mei deselde dikte op papier. Yn sa’n printer moat in inketpatroan en dêr sit de oast, dy binne prizich. Inketpatroanen binne der yn ferskate fariaasjes. Der binne dy't alle trije kleuren (RGB-ried-grien-blau) yn ien patroan hawwe. Yn sa'n gefal is it patroan gau ta weismiten keard as bygelyks it read op is. Der binne ek inketprinters dy't foar alle kleuren in oar patroan hawwe. Yn dat gefal kin maklik ien fan de patroanen ferfongen wurde as dy kleur op is, sûnder dat de oare patroanen weismiten hoege te wurden. By printers dy't RGB-patroanen hawwe wurdt it swart opboud út in kombinaasje fan RGB. Der binne ek printers dy't it swart yn in apart patroan hawwe sadat dy kleur net opboud hoecht te wurden út de RGB-rige. Ferlykje dus by oankeap èn de prizen fan de patroanen (en sjoch oft it om ien kombinearre patroan of om foar elke kleur in apart patroan giet) èn dy fan de printers. Patroanen dy’t yn mear as ien model brûkt wurde kinne, kinne jo faak as werfolpatroan krije. Soks skeelt in soad jild en ús miljeu net te ferjitten.

Ljochtprinter[bewurkje seksje | edit source]

Laser Jet Printer

Yn kantoar- en bedriuwsomjouwings is de laserprinter de meast brûkte printer. De laserprinter wurket mei tonerkassettes dy't in gâns gruttere produksje mooglik meitsje as de inketpatroanen fan in inketprinter. Boppedat leit de printfaasje gâns heger (ien fel A4 de sekonde is al lang gjin útsûndering mear). De measter laserprinters hawwe ek gâns gruttere papierkassettes as de inketprinter. Hoewol't inketprinters hjoed-de-dei (2007) ek kwalitatyf goede prints leverje binne de prints fan laserprinters oer 't it generaal skerper. Sjoch by it oantugen fan in printer dan ek net allinich nei de priis fan de printer mar ek nei hokker produktiviteit it apparaat leverje moat. It kin al gau sa wêze dat in laserprinter yn gebrûk foardieliger is as in inketprinter.

Der binne ek laserprinters dy't yn kleur printsje.

Printallyk (of LiPa)[bewurkje seksje | edit source]

In soad kompjûterprogramma’s wurkje hjoed de dei neffens it systeem fan printallyk. Oare programma's jouwe de mooglikheid in foarfertoaning fan sa'n printallyk te meitsjen. Dy metoade (Ingelsk: WYSIWYG - What-You-See-Is-What-You-Get) pretindearret dat wat jo op op it skerm sjogge krekt sa út de printer komt. Mei oare wurden: Op it skerm soene jo al krekt besjen kinne oft ien en oar goed op papier komme sil. Dat is lykwols lang net altyd wier want de fertaalslach dy't in kompjûter meitsje moat nei in skerm is altyd in oarenien as de fertaalslach nei in printer. It moat dan ek net mear as yndikaasje sjoen wurde. De terms printallyk en WYSIWYG binne dan ek slim misliedend en soargje foar mannich teloarstelling. De term SePa (it-SEems-to-be-PAper) hie dan ek bettter te plak west. Yn it Frysk hie dat dan LiPa (it-LIket-wol-PApier-) wurde kind.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]