Memmeboerd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Abit-KT7, in memmeboerd yn ATX-formaat

Omskreaun mei it taaleigen fan de Arabyske talen kinne jo mei rjocht sizze dat it memmeboerd de mem fan alle systeemkaarten fan de kompjûter is.

It memmeboerd (motherboard) is it hert fan de kompjûter. It is de grutte basisplaat dêr't alle ûnderdielen mei ferbûn binne. Underdielen dy't op sa'n systeemplaat sitte binne bygelyks: de sintrale ferwurkingsienheid (CPU), tsjips foar it skriuwûnthâld (RAM), tsjips foar it lêsûnthâld (ROM), kontaktdoaskes foar stekkerkes fan de râne-apparatuer as it byldskerm, de skiifstasjons en de fêste skiif en boppedat kontaktsluven foar Utwreidingskaarten.

Op it memmeboerd draait alles om de ferbinings mei de sintrale ferwurkingsienheid. Dy soarget foar it ferwurkjen fan de nul-/ienkoaden fan de koadetaal ta opdrachten foar de kompjûter. De klokfaasje fan dy ienheid bepaalt dan ek foar in grut part de snelheid fan de kompjûter. Yn de tiid dat kompjûters folle meganysker wienen as no koenen jo mei lytse stekbrechjes (jumpers) sels beskate skeakelingen yn de ferbinings kieze. Jo koenen mei sokke stekbrechjes stees twa fan de trije njonkenelkoar lizzende kontaktgatsjes ferbine en sa sirkwyferoarings oanbringe. Soksoarte fan hannelings wurde hjoeddeis elektroanysk dien troch jo ynstellings yn it bestjoeringsprogramma.