Springe nei ynhâld

Wurkûnthâld

Ut Wikipedy

It wurk- of skriuwûnthâld fan in kompjûter, yn it Ingelsk Random Access Memory (RAM) neamd, is in ekstern ûnthâld, dêr't elts ûnthâldplak like rap tagong ta hat (yn tsjinstelling ta in fêste skiif bygelyks, dêr't men wachtsje moat oant it lêsmeganisme it plak mei ynformaasje fûn hat). Yn it wurkûnthâld kin lêzen en skreaun wurde. Yn tsjinstelling ta it lêsûnthâld (ROM) dat allinne mar lêzen wurde kin.

De earste elektryske kompjûters hienen soms in relais en buizeskeakelings, mar ek in tromme-ûnthâld, dat in grutte tromme is oerdutsen mei in magnetyske laach dy't sa'n 100 kear de sekonde rûndraaide en dy't op sa'n tsientallen rigels in hûnderttal wurden stean hie. Elts rigeltsje waard lêzen troch in eigen lêzer. Op in tromme-ûnthâld kaam elts ûnthâldplak alle 10 millisekonde del, en sa koe it lêzen of skreaun wurde. Dat wie dus gjin RAM.

Nei it tromme-ûnthâld kaam it wurkûnthâld dat like op magnitsearbere rinkjes (ringkearn-ûnthâld). Dat wie dus al RAM.

Wilens de sântiger jierren fan de 20e iuw kamen der yntergrearre ûnthâldskeakelings. Yn 1974 tochten de minsken dat it nea wat wurde soe mei mear as 8kB op ien yntergearde skeakeling te meitsjen (de yntergrearde skeakeling soe himsels mei pear minuten stikken baarne), yn 2003 kamen der yntergrearde skeakelings dy't in GB ha koenen. (1 GB = 1024 MB = 1048576 kB = 1073741824 bytes = 8589934592 Bitten). No wurde der lytsere 8MB skeakelings makke op ien grutte skeakeling. Dy wurde dan op elkoar plakt. Sa kinne der wol 32 of sels 64 skeakelings op ien chip-package sitte.

It wurkûnthâld fan de moderne kompjûter hat twa soarten RAM: DRAM (dynamyske RAM), en it fluggere mar ek djoerdere SRAM (statyske RAM).

In bit yn it dynamyske RAM hat in lytse kondensator dy't in stikmannich kearen de sekonde wer fold wurde moat, sadat de ynhâld net weiwurd. Eltse ûnthâldsel hat mar ien transistor nedich om in nul of ien te bewarjen.

Elts bit yn it statyske RAM hat in transistorskeakeling dy't sels wit wannear't der enerzjy-oanfier is. De transistorskeakeling dy't in nul of ien ûnthâlde kin hjit in flip-flop, mar dêr binne twa transistors foar nedich.

Tuskenûnthâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In apart ûnthâld dat yn it Frysk tuskenûnthâld en yn it Ingelsk 'cache' neamd wurdt, kin sawol yn it wurkûnthâld as op de fêste skiif in plakje krije. Dat 'tydlike' ûnthâld wurdt makke troch in programmaatsje. As de 'cache' op de fêste skiif makke wurdt, dan binne de gegevens oer langere tiid te bewarjen. It wurkûnthâld is mei it útdwaan fan de kompjûter alles kwyt. It wurd tusken stiet hjir yn de bestjutting fan tusken de ferwurkingsienheid en it ûnthâld. De ferwurkingsienheid kin direkt by de gegevens en soks jout jo kompjûter of bygelyks in tsjinner in gruttere faasje. Foarbylden fan sa'n ûnthâld op de fêste skiif binne: de Koekjes en de blêdwizers mei URL-adressen. Guon tsjinners dogge noch in stap fierder. Dy proxy-tsjinners of tuskentsjinners bewarje foar jo folsleine websiden. Jo hoege sa koarter te wachtsjen by it ynternetten.