Bit

Ut Wikipedy

In bit is de lytste ynformaasje-ienheid dêr't jo kompjûter mei wurket. Dy ynformaasje bestiet út ien ien- of nulkoade. Oft jo dy ien- of nulkoaden fertale nei ljochtstrielen, oan of út, of nei magnetisme is net fan belang. Ien bit hawwe jo eins neat oan, mar as jo him ûnderdiel fan in fêst oantal meitsje dan kinne jo der wat mei útdrukke.
Tink mar oan it seinen mei in seinlampe. Likelange ljochtflitsen sizze net safolle, mar yn it foar ôfsprutsen sinjalen mei lange en koarte flitsen kin de oare op ôfstân fertelle wat jo bedoele.
Kompjûtertalen wurkje mei fêste tallen bitten, bygelyks de byte en de kleurdjipte. De byte hat in fêst tal fan 8 bitten en wurdt ûnder oare brûkt om (skriuw)tekens yn triemmen fêst te lizzen. De kleurdjipte kin in tal fan 0 oant en mei 256 bitten hawwe. Hoe grutter it tal bitten, hoe grutter tal kleurtinten jo foar ôfbyldings fêstlizze kinne.

Betiizjend[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It spraakgebrûk is somtiden in bytsje betiizjend. Sawol foar de eigentlike digitale ynformaasje as foar it plak dêr't de bitten fysyk bewarre wurde kinne, skiven ensfh., wurdt de ienheid bit brûkt.