Microsoft Windows
Microsoft Windows is de namme fan de bestjoeringssystemen fan Microsoft foar de personal computer. It waard yn 1985 lansearre en dominearret sûnttiids de yntroduksje fan Windows 95 yn 1995 de personal-kompjûtermerk. Yn 2004 hie Microsoft 90% fan de persoanlike-kompjûtermerk yn hannen. De oarspronklike beslissing fan Microsoft om de earste ferzje fan Windows te ûntwerpen wie grif sterk beynfloede troch eardere inisjativen fan Xerox en Apple, dy't harren kompjûters al in grafyske brûkersomjouwing joegen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Namme
In Ingeslke wurd 'Windows' betsjut 'finsters'. Finsters binne ien fan de fjouwer ûnderdielen fan it WIMP-interfacekonsept (Window, Icon, Menu, Pointing device) oarspronklik definiearre oan it Xerox PARC begjin jierren 80.
[bewurkje seksje] Ferzjes
Undanks de beneamingen foar alle ferzjes fan Windows hat elke ferzje ek in ferzjenûmer:
- Ferzje 1.00: Microsoft Windows 1983
- Ferzje 1.xx: Microsoft Windows 1.x
- Ferzje 2.xx: Microsoft Windows 2.x
- Ferzje 3.00: Microsoft Windows 3.0
- Ferzje 3.10: Microsoft Windows 3.1
- Ferzje 3.11: Microsoft Windows 3.11 For Workgroups
- Ferzje 3.20: Microsoft Windows 3.2 (Sineeske ferzje fan Windows 3.10)
- Ferzje 4.00: Microsoft Windows 95
- Ferzje 4.10: Microsoft Windows 98
- Ferzje 4.90: Microsoft Windows Me
Op NT basearre:
- Ferzje 3.10: Microsoft Windows NT 3.1
- Ferzje 3.50: Microsoft Windows NT 3.5
- Ferzje 3.51: Microsoft Windows NT 3.51
- Ferzje 4.00: Microsoft Windows NT 4.0
- Ferzje 5.00: Microsoft Windows 2000
- Ferzje 5.10: Microsoft Windows XP & Windows Fundamentals for Legacy PCs
- Ferzje 5.20: Microsoft Windows XP, Windows Server 2003 & Home Server (Basearre op Windows Server 2003 mar pas nei Windows Vista útbrocht)
- Ferzje 6.00: Microsoft Windows Vista & Server 2008
- Ferzje 6.10: Microsoft Windows 7 (Windows 7 is ferzje 6.10, mar hjit sa om de ienfâld) & Windows Server 2008 R2
- Ferzje ûnbekend: Microsoft Windows 8 (yn ûntwikkeling, ferwachte yn 2012)
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- (nl) Webstee fan Microsoft
- (nl) Windows Vista
- (nl) Windows-famylje
- (nl) Computerhilfen.nl - Windows tips en forum
- (in) Windows NT - Alpha FAQ
- (in) Side om Windows Vista Ultimate gratis te testen
- (nl) Nederlânske Windows-side
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Microsoft Windows fan Wikimedia Commons. |