Windows 1.0

Ut Wikipedy

Windows 1.0 is de namme fan de earste grafyske ynterfaasje fan Microsoft foar persoanlike kompjûters. Microsoft Windows kaam, mei in soad fertraging, yn 1985 op de merk.

Under druk fan de marketingôfdieling waard Windowing manager omdoopt yn Microsoft Windows. De oarsprong fan de namme Windows leit by de ynformatikaparse. Yn alle parseartikels dy't oer Visi On en lyksoartige systemen skreaun waarden, wie hieltiten sprake fan windowing system, windowing shell, windowing manager.

Dy earste ferzje fan Microsoft Windows wie gjin grut súkses. It programma hie lêst fan it hin-en-aaisyndroom. It ûntbrekken fan grutte applikaasjes foar Windows soarge derfoar dat it bedriuwslibben gjin neeedsaak seach om oer te skeakeljen nei dizze grafyske útwreiding fan MS-DOS. Boppedat koene de finsters inoar net oerlaapje, omdat dat prinsipe troch Apple patintearre wie.

Fereaske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • MS-DOS 2.0, 256 kB RAM en 2 double-sided floppydisks of in fêste skiif.

Tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Windows 1.0 hie tapassings wêrfan in oantal no noch by Microsoft Windows meilevere wurde:

  • Cardfile (in kaartebak)
  • Clipboard (in klamboerd)
  • Control panel (konfiguraasjeskerm)
  • Kalinder (om ôfspraken yn fêst te lizzen)
  • Kladblok (foar ienfâldige tekst sûnder opmaak)
  • Klok (in grafyske klok mei wizers)
  • Paintbrush (in tekenprogramma, yn lettere ferzjes is dit ferfongen troch Paint)
  • Rekkenmasine (inkelfâldige rekkenmasine, sûnder wittenskiplike funksjes)
  • Reversi (in spul)
  • Terminal
  • Write (in tekstbewurker)