Volt (ienheid)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De volt (symboal fan de ienheid volt is V) is de SI-ienheid foar elektryske potinsjaal. De ienheid is neamd nei de Italjaanske natuerkundige Alessandro Volta. Dizze fûn yn 1800 de earste gemyske batterij, de pylder fan Volta, út.

By in elektryske boarne wurdt sprutsen fan elektryske spanning of koartwei spanning als men it potinsjaalferskil tusken beide poalen bedoelt. In oare, ynkorrekte mar faak brûkte beneaming foar potinsjaalferskil is voltage.

De volt is definearre as it potinsjaalferskil oer in gelieder as in stroom fan 1 ampêre dêryn in fermogen fan 1 watt yn waarmte omset. De ienheid is ek lyk oan in joule per coulomb.

Utdrukt yn SI-ienheden is dat:

\mathrm{1 \ V = 1 \frac{W}{A}  = 1 \frac{J}{C} = 1 \ kg \ m^{2} s^{-3} A^{-1} = 1 \frac{kg \ m^{2}}{s^{3} \ A}}

De fermannichfâldigingsfaktoaren út it SI-stelsel wurd ek foar volt brûkt: men sprekt oer µV (mikrovolt, 10-6), mV (milly-, 10-3), kV (kilo-, 103), en MV (mega-, 106).

Yn de grutte-oarder fan de volt lizze in soad yn it deistige gebrûk foarkommende spanningen, lykas batterijspanning (1,5 V, 3 V, 12 V), de netspanning (230 V), en de draaistroom (400 V).

Spanningen yn it deiske libben
1,2 volt út in oplaadbere batterij
1,2 volt út in oplaadbere batterij  
12 volt út in auto-akku
12 volt út in auto-akku  
230 volt út in stopkontakt
230 volt út in stopkontakt  
400 volt (krêftstroom)
400 volt (krêftstroom)  
380000 volt (heechspanningslinen)
380000 volt (heechspanningslinen)  
miljoenen volt (bliksem)
miljoenen volt (bliksem)  

Definysje gebrûk meitsjend fan it Josephson effekt[bewurkje seksje | edit source]

Der hat in tiid west dat de definysje fan volt oars jûn waard. In volt waard berekkkene fia de tige krekte relaasje tusken frekwinsje en volt mei in sesiumklok as tidsreferinsje. Dit barde me help fan in junksje fan Josephson. De Josephsonjunksje bestiet út twa supergelieders dy't ferbûn wurde troch in isolator. Middels de konstante fan Josephson koe dan fûn wurde:

K{J-90} = 2e/h = 0.4835979 GHz/µV.

Dizze relaasje blykte ûnôfhinklik te wêzen fan de opstelling of brûkte materialen en is dus tige sekuer. Dochs is in net mear de offisjele metoade neffens BIPM.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]