Ampêre

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Yn de natuerkunde is de ampère (mei it symboaal A) in ienheid fan elektryske stroom. Elektryske stroom is ien fan de sûn grûnienheden fan it SI.

De ampêre wurdt brûkt om de grutte fan in elektryske stroom oan te jaan. De ampêre is neamd nei André-Marie Ampère, ien fan de haadûntdekkers fan it elektromagnetisme.

Definysje[bewurkje seksje | edit source]

Ampêre as ladingsienheid per tiidsienheid

De ampère wurdt sûnt 1948 definearre as:

In ampêre is de konstante elektryke stroom, dy't, as dizze rint troch twa parallelle gelieders fan ûneinige lingte en mei in ferwaarloasbere diameter, op 1 meter fan elkoar setten yn fakuüm, in lorentzkrêft tusken dizze gelieders produsearret fan 2 × 10-7 newton per meter lingte.

Aldere definysjes fan de Ampère berêste op it bepalen fan de hoemannichte delslein sulver by de elektrolyze fan sulvernitraat; 1 ampère is de stroom dy't 1,118 000 mg sulver per sekonde delslaan docht út in sulvernitraatoplossing.[1] Letter die bliken by in krektere mjitting dat de sa definearre stroom 0,999 85 A bedroech.

De ienheid fan elektryske lading, de coulomb, is definearre op basis fan de ampêre: 1 coulomb is de hoemannichte lading dy't oerienkomt mei in stroom fan 1 ampère yn 1 sekonde, ofwol 1 C is 1 As (ampêresekonde).

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Geschiedenis van de ampère