Byldbewurking

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It bekendste byldbewurkingsprogramma is Photoshop. De namme jout al oan dat it yn it foarste plak bedoeld is foto's te bewurkjen mar it program hat op dit stuit (2007) ek gâns mooglikheden ta it brûken fan tekst. Troch grafyske foarmjouwers wurdt it programma meast brûkt yn kombinaasje mei Indesign of QuarkXPress (opmaakprogramma's) en Illustrator (yllustraasjeprogramma). De útwikselberens tusken de programma's wurdt hieltyd better, sa kin no in foto út Photoshop yn it finster fan ien fan de oare programma's sleept wurde (en oarsom).

Foar thúsgebrûk wurdt by ferskate programma's gauris it saneamde 'Photoshop-light' fergees bylevere. Dat útklaaide programma jout útsoarte wat minder mooglikheden as de profesjonele ferzje (dy't dan ek gâns djoerder is).

In oar bekend byldbewurkingsprogramma is Flash. Dat wurdt benammen brûkt foar tapassings op ynternetsiden (en it giet dan meast om beweging en/of ynteraksje).