28 juny
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26 - 27 - 28 juny - 29 - 30 - 1 - 2 - 3 - 4 - 5
28 juny is de 179e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 180e dei).
Der folgje noch 186 dagen.
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 1353 - Albrecht fan Beieren, hartoch fan Beieren, greve fan Hollân, trout mei Margaretha fan Brieg.
- 1389 - It Servyske leger wurdt troch de Turken finaal ferslein yn de Slach op it Merelfjild (Kosovo Polje); dit betsjutte de ein fan it Servyske ryk en it begjin fan de 500 jier duorjende Ottomaanske oerhearsking fan grutte dielen fan súdeast Europa.
- 1581 - De stêd Breda wurdt by ferrassing troch Spaanske troepen ynnomd.
- 1787 - Prinses Wilhelmina besiket fanút Nymwegen De Haach te berikken om steun te krijen. Hja wurdt by Vlist oanholden en nei Goejanverwelleslûs brocht.
- 1840 - Kening Kristiaan VIII fan Denemark wurdt kroand.
- 1846 - Yn Frankryk krijt de Belch Adolphe Sax it patint op in seis jier earder troch him útfûne blaasynstrumint: de saksofoan.
- 1914 - Aartshartoch Frans Ferdinand fan Eastenryk wurdt fermoarde yn Sarajevo.
- 1935 - Earste kristallisaasje fan in firus troch Wendell Stanley.
Berne [bewurkje seksje]
- 1170 - Waldemar II, Kening fan Denemark († 1241 )
- 1491 - Hindrik VIII, kening fan Ingelân en Ierlân († 1547)
- 1568 - Johan van den Sande, Nederlânsk jurist, heechlearaar en skiedkundige († 1638).
- 1577 - Peter Paul Rubens, Flaamsk barok skilder († 1640).
- 1712 - Jean-Jacques Rousseau, (yn Genêve), Frânsk filosoof († 1778).
- 1742 - William Hooper, Amerikaanske steatsman († 1790)
- 1783 - Jan Cornelis Pieter Salverda, Frysk dichter
- 1911 - Prins Bernhard, man fan Keninginne Juliana († 2005).
- 1917 - Wim Sonneveld, Nederlânsk kabaretier († 1974).
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 1061 - Floris I, greve fan Hollân, Seelân en West-Fryslân.
- 1119 Roger fan Salerno, regint fan it foarstendom Antiochje.
- 1598 - Abraham Ortelius, Antwerpsk kaartmakker (* 1527).
- 1836 - James Madison, 4e presidint fan de Feriene Steaten (* 1751).
- 1963 - Roeffie Vermeulen, hurdsiler (* 1906).
- 1989 - Joris Ivens, Nederlânsk filmmakker (* 1898).
21 - 22 - 23 - 24 - 25 - 26 - 27 - 28 juny - 29 - 30 - 1 - 2 - 3 - 4 - 5
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier