2 juny
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
26 - 27 - 28 - 29 - 30 - 31 - 1 - 2 juny - 3 - 4 - 5 - 6 - 7 - 8 - 9
2 juny is de 153e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 154e dei).
Der folgje noch 212 dagen.
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 193 - Septimius Severus set Didius Julianus ôf
- 1632 - By de Limburchske fjildtocht fan Freark Hindrik sneuvelet foar Roermond Ernst Kazimier, de steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte.
- 1748 - De Lauta stins yn Wier fan Horatius Hiddema van Knyff wurdt yn 'e brân stutsen
- 1946 - Nei in folksrieplachting wurdt Itaalje in republyk.
- 1982 - Bokser Rudi Koopmans ferdigenet mei súkses syn Europeeske titel yn it healswiergewicht tsjin syn Italjaanske útdager Christiano Cavina.
Berne [bewurkje seksje]
- 1587 - Willem IJsbrantsz. Bontekoe Nederlânsk keapfardij hanneler.
- 1602 - Rudolf Kristiaan, greve fan East-Fryslân fan 1625 - 1628 († 1628).
- 1713 - Foeke Sjoerds, skoalmaster en doarpsrjochter yn Easternijtsjerk († 1770).
- 1731 - Martha Washington, First Lady (frou fan George Washington) († 1802).
- 1740 - Markies de Sade, Frânske, faak sensurearre pornografysk skriuwer
- 1789 - Maurits Pico Diederik fan Sytzama, Fryske politikus en bestjoerder.
- 1835 - Pius X, (Guiseppe Sarto), paus fan 1903 oant 1914 († 1914).
- 1840 - Thomas Hardy, Ingelsk romanskriuwer en dichter († 1928).
- 1866 - Keimpe Sikkema, ûnderwizer en Sosjalistysk politikus († 1949).
- 1904 - Johnny Weissmuller, Amerikaansk swimmer, olympysk kampioen en filmakteur († 1984)
- 1912 - Pier Feddema, Frysk ûnderwizer, skilder, keunstner en skriuwer út Balk († 1983).
- 1944 - Willem Ouweneel, Nederlânsk biolooch, filosoof en teolooch.
- 1946 - Tineke Steenmeijer-Wielenga, konservator, learares en Frysk skriuwster.
- 1959 - Rineke Dijkstra, Nederlânsk fotograaf
- 1973 - Keninginne Juliana iepenet it Van Gogh Museum yn Amsterdam
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 1564 - Gellius Faber de Bouma, Frysk pastoar en letter herfoarmer fan it leauwe (* ± 1490).
- 1632 - Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân.
- 1882 - Giuseppe Garibaldi, Italjaanske frijheidsstrider.
- 1912 - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer (* 1848).
- 1970 - Bruce McLaren, Nij-Seelânsk autokûreur, designer en útfiner, oprjochter fan it Formule 1 team McLaren (* 1937).
- 2008 - Bo Diddley, Amerikaans rock-'n-roll-sjonger en -gitarist.
- 2009 - Kor Zittema, Frysk sportman, keatser út Bitgum, winner fan de PC yn 2006.
- 2011 - Willem Duys, Nederlânsk radio- en televyzjepresintator en muzykprodusint (* 1928).
26 - 27 - 28 - 29 - 30 - 31 - 1 - 2 juny - 3 - 4 - 5 - 6 - 7 - 8 - 9
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier