Hartochdom Beieren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hartochdom Beieren yn 10

It hartochdom Beieren wie yn it earstoan ien fan de stamhartochdommen yn Dútslân, it lân fan de Bajuwaren of Bavarii.

Dit artikel giet oer it stamhartochdom. De skiednis fan it hartoch Beieren nei 1180 (letter karfoarstendom) wurdt behannele op de side Beieren.

It gebiet besloech it grutste part fan it hjoeddeiske Beieren, Tirol yn Eastenryk en Súdd-Tirol yn Noard-Itaalje. Regensburg wie de haadstêd fan de Bajuwaren, mar ek fan it hartochdom Beieren en it East-Frankyske (Dútse) Ryk.