8 juny
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6 - 7 - 8 juny - 9 - 10 - 11 - 12 - 13 - 14 - 15
8 juny is de 159e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 160e dei).
Der folgje noch 206 dagen.
[bewurkje seksje] Foarfallen
- 1042 - Edward de Belider folget syn ferstoarne healbroer Hardeknoet op as kening fan Ingelân.
- 1076 - Slach by Iselmonde. De Fryske greve Durk V ferslaat it leger fan de biskop fan Utert.
- 1783 - De fulkaan Laky op Yslân barst út. De erupsje soe acht moannen duorje, mei nuveraardich kleure loften as gefolch. De troch de wyn meifierde sweveldampen soargje yn gâns West-Jeropa foar mislearre rispingen en mei de dêrnei kommende strange winter, foar tûzenen slachtoffers.
- 1969 - De Nederlandsche Radio Unie en de Nederlandse Televisie Stichting beslute tegearre op te gean yn de Nederlandse Omroep Stichting, NOS.
- 2004 - Fenus giet foar de Sinne lâns, foar it earst sûnt 1882. Op 6 juny 2012 soe it wer barre moatte.
[bewurkje seksje] Berne
- 1318 - Eleanor fan Woodstock, âldste dochter fan kening Edward II fan Ingelân
- 1545 - Don Carlos fan Spanje, âldste soan fan Filips II fan Spanje († 1568)
- 1625 - Giovanni Domenico Cassini, Italjaansk astronoom.
- 1746 - Jean Henri van Swinden, Nederlânsk wis- en natuerkundige († 1823)
- 1810 - Robert Schumann, Dútsk komponist en pianist († 1856)
- 1867 - Frank Lloyd Wright, Amerikaansk arsjitekt († 1959).
- 1922 - Wim Meuldijk, Nederlânsk geastlike heit fan Pipo de Clown († 2007)
- 1952 - Hanneke de Jong, Frysk skriuwster en ûnderwizeresse.
- 1977 - Kanye West, Amerikaansk rapper en muzykprodusint.
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 1042 - Hurdeknoet, kening fan Ingelân en Denemark
- 1376 - Edward de Swarte Prins, âldste soan fan kening Edward III fan Ingelân.
- 1714 - Sophia fan de Palts, Britse karfoarstinne
- 1768 - Johann Winckelmann, Dútsk keunsthistoarikus en egeolooch. Hy wurdt wol beskôge as de heit fan de argeology. (*1717).
- 1794 - Gottfried August Bürger, Dútsk dichter (* 1747).
- 1795 - Loadewijk XVII
- 1845 - Andrew Jackson, 7de presidint fan de Feriene Steaten (* 1767).
- 1880 - Marie van Hessen-Darmstadt, keizerinne fan Ruslân.
- 1944 - Julius Matthijs van Beyma, jurist en boargemaster (* 1877).
- 1979 - Lou Geels, Nederlânsk akteur
- 1999 - Piet Blom, Nederlânsk arsjitekt
- 2006 - Sjoerd van der Schaaf, sjoernalist en skriuwer
1 - 2 - 3 - 4 - 5 - 6 - 7 - 8 juny - 9 - 10 - 11 - 12 - 13 - 14 - 15
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier