Jan Wybenga

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jan Wybenga, ( Warten, 17 septimber 1917 - Grins 28 juny 1994 ) wie in learaar en Frysk skriuwer.

Soan fan Albert Jans Wybenga. Wie haadûnderwizer yn Sint Anne en Wommels, ûnderwizer oan de Mulo te Frjentsjer, sûnt 1956 en 1957 learaar oan de Rykskweekskoalle te Grins en Ljouwert.

Redakteur fan De Tsjerne (1953-1955). Skreau ferhalen, kritiken, gedichten (Amoeben, 1954). Syn wurk heart foar in part ta de 'eksperimintele' rjochting. Yntrodusearre hjerst 1952 eksperimintele poëzij yn De Tsjerne mei Hurrel; boartlike sketskes yn Alternatyf. Krige yn 1965 de Gysbert Japicxpriis foar poëzij foar syn twadde bondel Barakkekamp en yn 1977 de Gysbert Japicxpriis foar Lyts Frysk deadeboek.

Wurk [bewurkje seksje]

  • Amoeben (1954)
  • Barakkekamp (1962)
  • Kj3 (1973)
  • Lyts Frysk deadeboek (1974)
  • Moai waar en lange dagen (1981)
  • Easterstreek (1982)
  • De foksejacht (1989)
  • Fergetten fersen (1990)
  • Grien en koaningsblau (1993)
  • It hûs en oar neilitten wurk (1998)

Oersetting:

Literatuer [bewurkje seksje]

  • 1968 : Jo Smit. De Fryske literatuer 1945-1967. De Tsjerne 1968/4 (essay)
  • 1971 : Tiny Mulder. Hwer hast it wei? (fraachpetear)
  • 1972 : Tekst en Utliz (Steven H.P. de Jong)
  • 1992 : Jan Wybenga-nûmer Hjir, 1992, nû. 4-5

Keppeling om utens [bewurkje seksje]