3 juny
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
27 - 28 - 29 - 30 - 31 - 1 - 2 - 3 juny - 4 - 5 - 6 - 7 - 8 - 9 - 10
3 juny is de 154e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 155e dei).
Der folgje noch 211 dagen.
Foarfallen [bewurkje seksje]
- 350 - In part fan it leger wegeret in barbaar op de troan te oanfurdigjen en yn Itaalje wurdt in neef van Konstantyn I, Nepotianus as keizer útroppen. Hy regearret mar 28 dagen.
- 1594 - Twa fartugen sile fan Tessel út, mei Jan Huygen fan Linschoten, seefarder en reisbeskriuwer, as ferkenning fan de noardlike seewei nei Sina en Ynje.
- 1621 - De WIC krijt oktroai fan de Steaten-Generaal om as ienige maatskippij handel te driuwen op Amearika en de westkust fan Afrika. It monopoalje jildt foar 25 jier.
- 1920 - As útfloeisel fan it Ferdrach fan Versailles wurdt yn Dútslân de tsjinstplicht ôfskaft.
- 1965 - Lansearring fan de Gemini 4, piloat Edward White makket as earste Amerikaan in romtewanneling.
- 1983 - It romteskip Pioneer 10 ferlit it ús bekende sinnestelsel.
- 2006 - Montenegro ferklearret him offisjeel ûnôfhinklik fan Servje.
Berne [bewurkje seksje]
- 1804 - Wytze de Haan, Frysk keunstskilder († 1848).
- 1843 - Freark VIII fan Denemark, Kening fan Denemark († 1912).
- 1888 - Albert Kluyver, Nederlânske mikrobiolooch, botanikus en biogemikus († 1956).
- 1906 - Josephine Baker (Freda Josephine McDonald), Amerikaansk-Frânske dûnseres, sjongster en aktrise († 1975).
Ferstoarn [bewurkje seksje]
- 545 - Klotildis, frou fan de Frankyske kening Klovis. patroanhillige foar de froulju, de lammen en de notarissen (* 474).
- 1411 - greve Leopold IV fan Eastenryk (* 1371).
- 1796 - Harmen Beekkerk, Frysk keunstskilder (* 1756).
- 1857 - Albartus Deketh, jurist fan Frysk komôf, mei oprjochter fan it Frysk Genoatskip (* 1796.
- 1875 - Georges Bizet, Frânsk komponist (* 1838).
- 1924 - Franz Kafka, Dútsk skriuwer fan Joadsk komôf (* 1883).
- 1970 - Douwe Kiestra, Frysk skriuwer, dichter en politikus (* 1899).
- 1983 - Ypk fan der Fear, Frysk skriuwster (* 1908).
27 - 28 - 29 - 30 - 31 - 1 - 2 - 3 juny - 4 - 5 - 6 - 7 - 8 - 9 - 10
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier