Aylvapoldermole

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Aylvapoldemole (2008)

De Aylvapoldermole is in poldermole noardeast fan Burchwert yn Littenseradiel. De mole stiet oan de Boalserter Feart en kin as helpgemaal ynsetten wurde kin by slimme wetteroerlêst. It is in greinen achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

Op it stee fan de hjoeddeiske Aylvapoldermole stie eartiids in oare mole, dy't yn 1827 boud wie as ien fan de beide moles dy't Tsjaard van Aylvapolder bemealle moasten. Yn 1950 waard dizze mole restaurearre. Der wienen yn 1959 plannen om in dieselmotor yn de mole te setten, mar op 9 novimber fan dat jier waard de mole troch brân ferwoaste. Op de grûnfêsten derfan waard doe in gemaal boud. Dit waard letter wer sloopt, wêrby't e fjouwerkante ûnderbou fan de oarspronklike mole wer foar it ljocht kaam.

Yn 2000 waard op dizze ûnderbou de hjoeddeiske Aylvapoldermole setten. Dizze komt fan Hallum, wêr't hy as de Hoekstermole sûnt 1846 it wetterskip Fiifhuzen bemealde. Hy moast dêr lykwls wike foar de útwreiding fan in bedriuwenterrein. Hjirop waard yn 1999 besletten de mole oer te bringen nei Burchwert en him dêr te werbouwen. De mole waard op 3 juny 2000 iepene troch Annemarie Jorritsma, de destiidske Nederlânske minister fan Ekonomyske Saken, sels in moolnersdochter.

De mole is eigendom fan de Stifting Aylvapoldermolen.

Literatuer[bewurkje seksje]

  • Boersma, Bouke en Hinne Bokma (2000) - De Aylvapoldermolen. Sieraad yn de wide romte. Boalsert: Stifting Aylvapoldermole. ISBN n.f.t.

Keppeling om utens[bewurkje seksje]