Republyk

Ut Wikipedy

In republyk is in steatsfoarm dêr't de lieder of lieders fan it lân by keazen wurdt. It stiet min of te mear tsjin de monargy oer, dêr't ien lieder troch erfopfolging oanwiisd wurdt.

Yn it ferline waard as it wichtichste aspekt fan de republyk sjoen dat der mear as ien lieder wie. Bygelyks Montesquieu slút ek de aristokrasy yn foar de republyk. Hjoed de dei is it kiezen it wichtichste aspekt, en wurdt in republyk sjoen as in steatsfoarm basearre op demokrasy.

Yn de measte republiken is ien lieder fan it lân en in oar de lieder fan it regear; njonken in presidint hat it lân dan ek in premier. Dat is lykwols net altiten sa. De presidint fan de Feriene Steaten, de premier fan Switserlân mar ek de Furer fan Dútslân fan 1934 oant 1945, binne foarbylden fan ien lieder foar lân en regear.

De macht fan de presidint ferskilt ek tusken republiken. Yn guon lannen hat de presidint in soad macht; yn oaren is de funksje hast allinnich seremonieel, wylst de macht dan by de premier of it regear leit. Fan ynfloed is dêrby ûnder oaren of de republyk ûntstien is troch it ôfsetten fan in machtige kening. Yn kommunistyske lannen leit de macht faak by de lieder fan de partij, ek as dy formeel gjin part fan it regear is.