Demokrasy

Ut Wikipedy
It rjocht om te stimmen is in foarm fan demokrasy.

Demokrasy hâldt yn in wize fan bestjoeren. It wurd komt fan de Grykske wurden δημος/dèmos, 'folk' en κρατεω/krateo, 'hearskje', 'regearje' en sokssawat ynhâldt as it folk regearret. Yn in demokrasy wurdt it regear keazen troch de mearderheid fan it folk en as it folk net tefreden is kin fia wetlike regelingen in oar regear keazen wurde.

De âldst bekende demokrasy wie dat fan Kleistenes yn Atene yn de Grykske Aldheid, hoewol't wy dêr wat oars by foarstellen moatte as by in demokrasy fan tsjintwurdich. Sa mochten de froulju, slaven en earmen yn Atene net meibeslisse. De rol fan de frou moat lykwols ek wer net ûnderskat wurde, want froulju spilen doe wol in wichtige rol by de measte godstsjinstige rituelen.

Der wurdt ûnderskied makke tusken direkte demokrasy en represintative demokrasy. It tsjinstelde fan in demokrasy is in autokrasy.

Direkte demokrasy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Landsgemeinde yn it kanton Glarus, Switserlân, 7 maaie 2006

Dizze foarm fan demokrasy is de meast suvere foarm derfan: elkenien hat likefolle te sizzen by it meitsjen fan beslissingen en it tastân kommen fan wetten. Om praktyske redenen is sa'n demokratysk systeem yn distiid net mear mooglik. De demokratyske systemen yn in lân as Switserlân hawwe dêr noch it measte fan wei. Dêr is it sa regele dat it meastepart fan alle wetten troch in keazen parlemint ôfhandele wurde, mar dat it folk noch altyd de mooglikheid hat om fia in binend referindum der oer mei te beslissen.

De wichtige Frânske filosoof Rousseau wie in grut foarstanner fan dy foarm fan demokrasy.

Demokrasy-yndeks 2019

Represintative demokrasy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Represintative demokrasy wurdt ek wol parlemintêre demokrasy neamd. Dizze foarm fan demokrasy ûntstie as praktyske oplossing by it waaksend oantal minsken yn in demokrasy. By it berikken fan in bepaalde grutte is it net langer mooglik dat elkenien noch fuort oer alle ûnderwerpen meibeslisse kin. De measte westerske demokrasyen hawwe parleminten en dêrmei represintative demokrasyen.

Yn it koart komt in represintative demokrasy derop del: dat in folk in oantal krekt definiearre foegen foar in beheinde tiid oerdrage oan in tal ôffurdigen, dy't it folk 'represintearje'. Dizze foegen lizze benammen op it mêd fan de wetjouwende macht. Om de safolle jierren wurde der ferkiezings hâlden en kinne der nije ôffurdigen beneamd wurde. It folk hat it rjocht om ôffurdigen te kiezen, mar hawwe sels ek it rjocht om har kieze te litten as ôffurdige.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]