Franz Kafka
Ut Wikipedy
Franz Kafka (3 july 1883 - 3 juny 1924) wie in Dútsktalige skriuwer út in Joadske famylje yn Praach. Kafka is ien fan de wichtichste skriuwers fan de 20e ieuske Dútske literatuer.
Foar syn dea bea Kafka syn freon Max Brod om syn manuskripten te ferneatigjen. Brod die dat lykwols net, mei it argumint dat er Kafka altiten dúdlik litte witten hie dat er alles dwaan soe om dy syn wurk fuortbestean te litten. Dat, dat Kafka it him frege hie soe der op tsjutte hawwe dat dy de kar oan Brod liet.
[bewurkje seksje] Bibliografy
- Das Urteil (1913)
- Die Verwandlung (1915)
- In der Strafkolonie (1919)
- Ein Landarzt (1920)
- Ein Hungerkünstler (1924)
- Der Prozess (1925)
- Das Schloß (1926)
- Amerika (1927)