Sinnestelsel

Ut Wikipedy
Us sinnestelsel, mei de sinne en de planeten

In sinnestelsel is stelsel fan in stjer en in tal fan planeten; yn it bysûnder fan ús sinne mei de planeten deromhinne. Fierders kinne lytsere himellichems, as dwerchplaneten, planetoïden, moannen en kometen, noch in part fan in sinnestelsel wêze.

Planeten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sinnestelsel hat 8 planeten: Merkuerius, Fenus, de Ierde, Mars, Jupiter, Saturnus, Uranus en Neptunus.

Mear planeten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt faak praat oer mooglike oare planeten.

  • As útlis fan in ôfwiking yn de baan fan Merkurius waard oannaam dat der noch in planeet tichter by de sinne wêze moast, dy't Fulkanus neamd waard. Albert Einstein berekkene lykwols mei syn relativensteory dat de tiid-romte-ferfoarming troch de sinne, ferantwurdlik wie foar dy ôfwiking.
  • Tusken Mars en Jupiter leit de astroïdegurdle. Om't de Titius-Bode wet oanjout dat dêr in planeet wêze moat is oannaam dat hjir ea in planeet west hat, dêr't de astroïden fan tebek binne. Mar no wurdt ek wol tocht dat him op dy ôfstân allinnich in dwerchplaneet, Seres ûntwikkele hat.
  • De dwerchplaneet Pluto op de râne fan de Kuipergurdle waard oant 2006 beskôge as de njoggende planeet fan it sinnestelsel.
  • De gruttere planeten hawwe moannen dy't grutter binne as in lytse planeet.

Dwerchplaneten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de acht planeten binne der yn ús sinnestelsel noch in tal dwerchplaneten. Yn de astroidengurl is dat Seres, yn de Kuipergurl binne dat Pluto en Charon en djipper yn de gurl binne der noch mear, mûglik in lytse sechtich.

Astroïden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it sinnestelsel binne meardere gurls mei astroïden ensfh. Benammen binne der de Astroidengurl, de Kuipergurl, en de Oort-wolk, mar der binne mear. Dizze plakken wurde ek sjoen as oarsprong fan de kometen.

Kometen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kometen (ek sturtstjer) hawwe in baan dy tige elliptysk is, en dêr't se op it fierste punt fier fan de sinne mei binne. In komeet as de komeet fan Halley komt frij gau wer werom (76 jier), mar der binne ek kometen dy't in baan hawwe fan tûzen jier of langer.

Meteoren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


In astroïde of in komeet dy't troch de dampkring komt hjit in meteoar. Troch de wriuwing fan de lucht wurdt de meteoar sa hyt dat er begjint de gloedzjen. Dêrtroch is er fan de ierde ôf te sjen as in ljocht yn 'e loft. Faak baarnt in meteoar op dy manear hielendal fuort wylst er noch yn de dampkring is. At in meteoar al op de ierde komt, hjit er in meteoaryt.

Molkenpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It sinnestelsel is in part fan in spiraalfoarmich stjerrestelsel, it Molkenpaad, dat sa'n 200 miljard stjerren grut is. It grutste part fan dizze stjerren is part fan in spiraalearm, mar de sinne is dat net. Hie dat al sa west dan wie troch de strieling fan supernova's op Ierde hast gjin libben mooglik west.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]