Adolphe Sax

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Adolphe Sax

Antoine-Joseph (Adolphe) Sax (Dinant, 6 novimber 1814 - Parys, 4 febrewaris 1894) wie in Waalsk-Belgyske bouwer fan muzykynstruminten. Hy is it bekendst wurden troch syn útfining fan de saksofoan.

Syn heit Charles Joseph Sax, dy't yn Brussel in blaasynstrumintefabryk hie, hat ferskate ferbetterings fan de hoarn op syn namme stean. Adolphe begûn al jong ynstruminten te bouwen. As jonge fan 15 die er mei oan in kompetysje mei twa fan syn fluiten en in klarinet. Letter studearre er dy ynstruminten oan de keninklike sjongakademy yn Brussel.

Nei syn skoaltiid begûn Sax te eksperimintearjen mei nije ynstrumintûntwerpen, wylst syn heit troch gie mei it bouwen fan konfinsjonele ynstruminten - immen moast dochs fertsjinje. Sax syn earste wichtige útfining wie in ferbettering fan de basklarinet, dêr't er op syn tweintichste patint op krige.

Yn 1841 ferhuzet er nei Parys, dêr't er in nije op de bugel basearre rige ynstruminten ûntwurp: de sakshoarns. Syn ûntwerp wie sa sublym dat de measte ynstruminten dy't no noch (2007) as bugel ferkocht wurde, yn wêzen sakshoarns binne. Se wurde yn withoefolle harmony-orkesten en fanfares brûkt. Yn it symfony-orkest is it ynstrumint net kommen, al hat de komponist Hector Berlioz dat besocht, troch de sakshoarns in wichtige rol te jaan yn syn opera Les Troyens.

Om dy tiid hinne wie Sax ek dwaande mei it stal jaan fan in nij ynstrumint: de saksofoan. Berlioz skreau loovjend oer it nije ynstrumint yn 1842, mar Sax frege earst patint oan yn 1846 doe't er de hiele rige fan sopraansaksofoan oant bassaksofoan ûntwurpen en útstald hie. De reputaasje dy't Sax dêrmei opboud hie smiet foar him in baan op as dosint oan it Conservatoire national supérieur de musique yn Parys.

Hy stoar yn 1894 yn Parys en waard op de Cimetière de Montmartre begroeven.

Hy stie ek ôfbylde op it Belgyske bankbiljet fan 200 frank.