Opera (muzyk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ynterieur fan operahûs La Fenice yn Feneetsje yn 1837

Opera (taalkundich ûntstien út it meartal fan opus) is in foarm fan myzykteater, wêrby't it meast sjongd toanielstik, yn dichtmaten mei orkestbegelieding, útbylde wurdt. Opera is ûnderdiel fan de Westerske klassike muzykkultuer. Der binne ek net-Westerske foarmen fan muzykteater dy't faak Opera neamd wurde, mei in ûnderskiedend eigenskipswurd derfoar, bygelyks de Sineeske opera.

De fjouwerhûndertjierrige skiednis fan de hjoeddeiske opera begjint yn Florence. Ein 16e ieu wie hjir in groep yntellektuelen fan doel it klassike drama lykas sat yn de Aldheid bestie, nij libben yn te blazen. Haaren grute foarbyld hjirby wie Aristoteles, dy't yn de fjirde ieu foar Kristus oer toaniel en muzyk skreaun hie, krekt oft dizze twa saken deselde wiene. Neffens Aristoteles wie drama de imitaasje fan it libben, dat ferlibbene waard mei fersiering en meldij. Op basis dêrfan ûnderstelden de Florentinen dat it klassike drama folslein sjongd wêze moast. De earste komponist dy't sokss yn de praktyk besocht, wie Jacopo Peri (1561-1633), dy't hjirfoar it Gryksk mytologyske drama Dafne brûkte. Syn wurk Euridice (1600) dat dêrút fuiortkaam, waard dêrmei de earste opera.

Wichtige lettere operakomponisten wienen û.o. Monteverdi, Händel, Rameau, Gluck, Mozart, Rossini, Bellini, Donizetti, Berlioz, Verdi, Wagner, Bizet, Richard Strauss, Puccini, Janáček en Britten.

Opera, operette en musical [bewurkje seksje]

Opera ûnderskiedet kim fan musical en operette, dy't elk oan krekt deselde definysje foldogge as yn de yntroduksje oanjûn, troch in oantal nuances dy't net altiten skerp ôfbeakene wurde kinne.

Opera's geane oars as operette en musical faak oer tragyske oant tige tragyske tema's, soms foar in modern publyk op gnyskjende ôf (Verdi, Donizetti). Der besteane lykwols ek komyske opera's (Mozart, Rossini). Yn in opera wurdt altitene alle tekst op muzyk setten. Die Zauberflöte en Die Entführung aus dem Serail fan Mozart binne dan goed besjoen eins gjin opera, mar n Singspiel. By opera wurde de lieten aria's neamd en yn musicals songs. Tusken de aria's yn wurdt der resitatyf brûkt. Yn de oare foarmen wurdt de tekst tusken de lietsjes op normale toan sprutsen (yn de oarspronklike ferzje fan Carmen bygelyks);

Yn de praktyk komt it derop del dat in bepaald werk by algemiene konsensus ta de opera's rekkene wurdt; sa net dan is it in operette as it om min ofte mear klassyk klinkende muzyk giet, en oars in musical.

Sjoch ek [bewurkje seksje]