Wolfgang Amadeus Mozart

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wolfgang Amadeus Mozart 1789, Sulverstifttekening fan Doris Stock

Wolfgang Amadeus Mozart (Salzburch, 27 jannewaris 1756 - Wenen, 3 desimber 1791) wie in Eastenryksk komponist.

Mozart, folút Joannes Chrisostomos Wolfgang Gottlieb Mozart, skreau likernôch 700 muzykstikken, wêrûnder de operas Don Giovanni en Die Zauberflöte (De toverfluit).

Mozart wurdt beskôge as in muzikaal wûnderbern en ien fan de aldergrutste komponisten. Syn wurk hat in soad ynfloed hân op lettere komponisten lykas Johannes Brahms, Arnold Schönberg, Anton Bruckner, Johann Strauss jr., Gustav Mahler en Max Reger en miskyn ek wol op Richard Wagner.

Mozart waard berne yn it Eastenrykske Salzburch. Op 5-jierrige leeftyd joech Mozart syn earste konsert mei in pianokomposysje fan Eberlin. Op syn achtste waarden syn earste eigen komposysjes publisearre troch syn heit, wêrûnder ek inkele symfonyen. Mozart syn heit, Leopold Mozart, dy’t de jonge Wolfgang yntinsyf begeliede hat him syn sus Nannerl fan jongs ôf oan meinaam op lange reizen lâns ferskillende foarstenhuzen. Ek lâns steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau yn De Haach yn 1768. Yn 1769 waard Mozart beneamd ta konsertmaster oan it hof fan de aartsbiskop Hyronimous Colloredo fan Salzburch.

Yn july 1770 krige hy yn Rome út hannen fan de Paus de Oarder fan it Gouden Spoar. Yn 1771 helle hy it diploma fan de Accademio Filamonica yn Verona. Omdat er safolle reizge moast er wol ûntslach nimme as konsertmaster fan Salzburch. Nei in ferbliuw yn Mannheim by de famylje Weber, reizge hy tegearre mei syn men oant Parys. Dêr hope hy wurk te finen. Se moasten dêr wenje yn in lytse neare keamer. Yn july 1778 ferstoar syn mem yn Parys. Mozart waard opnij oansteld oan it biskoplik hof yn Salzburch. Mar diskear foar in lyts salaris. Syn taken wienen dêr it koar les te jaan en tsjerklike en wrâldske muzyk te komponearjen. Mar al gau kaam it ta nije konflikten. Mozart fielde him net respektearre en it konflikt einige yn in ûntslach. Hy reizge nei Wenen en fûn ûnderdak by de famylje Weber dy’t ferhuze wie út Mannheim wei. Dêr waard hy fereale op de twadde dochter. Earst mocht de earste dochter op syn belangstelling rekkenje mar dit koe neat wurde. Hy troude mei Constanze, dit tsjin de sin yn fan syn heit Leopold op 4 augustus 1782. It binne foar Mozart persoanlik sjoen de lokkige jierren. Hy jout muzyklessen en in soad konserten. De muzykútjouwer Artaria tinkt er sels oer nei om syn komposysjes út te jaan. Foar it earst wurdt der yn in muzyktydskrift omtinken jûn oan ien fan syn konserten. En yn de simmer fan 1783 wurdt syn earste soan, Raimund Leopold berne.

In mindere tiid[bewurkje seksje | edit source]

Nei in oantal wiken wurdt syn earste soan siik en ferstjert. Mozart wurdt sels ek siik. Op 21 septimber wurdt syn twadde soan berne mei de namme Carl Thomas. Trije moannen letter jout Mozart him op as lid fan de frijmitselers. Inkele wiken letter moetet hy komponist Joseph Haydn dy heech opjout oer de muzikale kwaliteiten fan Mozart. De heit fan Mozart meldt him ek by de frijmitselers. Koart dêrnei ferstoar syn soan Johannes Thomas en op 28 maaie syn heit.

Yn desimber fan dat jier krijt Mozart in oanstelling as keamersmuzikus oan it hof fan keizer Jozef II. Mar it wie mar in meager salaris, it wie net genôch om syn skulden ôf te lossen. Syn opera Don Giovanni, dy’t hy nei de dea fan syn komponearre, krige in soad krityk. Op 29 juny 1788 ferstjert syn seis moannen âlde dochter Theresia. En ek syn krekt berne Anna ferstjert lyk by de berte. Op 4 maart 1791 jout hy noch in konsert, it soe syn lêste publike konsert wurde. Yn syn stribjen om úteinlik kapelmaster te wurden sollisitearret hy mei súkses foar in baan as ûnbetelle assistint fan de kapelmaster fan de Sint Stehphansdom yn Wenen. Op 26 juny wurdt syn tredde soan berne, Frans Xaver Wolfang.

De ein fan syn libben[bewurkje seksje | edit source]

Mozart wurdt oerspand en rekket siik. Wylst wurket er troch oan de opdracht fan Greve Walsegg zu stupagg. Dy woe graach in Rekwiem. Efterfolge troch wanen en depresjes ferstjert hy yn de iere moarn fan 5 desimber. Hy is mar 35 jier âld wurden. Mozart wurde te hôf brocht as in earme.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]