4 augustus
Ut Wikipedy
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier
28 - 29 - 30 - 31 - 1 - 2 - 3 - 4 augustus - 5 - 6 - 7 - 8 - 9 - 10 - 11
4 augustus is de 216e dei fan it jier (yn in skrikkeljier de 217e dei).
Der folgje noch 149 dagen.
[bewurkje seksje] Foarfallen
- 1617 - De Steaten fan Hollân nimme de "Skerpe resolúsje" oan: de stêden fan Hollân wurde machtigeom Waardjilders yn tsjinst te nimmen om woelingen te ûnderdrukken. Mei dit beslút komt de riedspinsjonaris Johan fan Oldenbarnevelt rjochtstreeks yn botsing mei steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau. Neffens de prins falt it oanwerven en ôftanken fan troepen ûnder it foech fan de Steaten-Generaal.
- 1801 - Nije Frânske grûnwet jout Napoleon mear macht.
- 1914 - Earste Wrâldoarloch: Dútse troepen falle Belgje binnen, wêrtroch't it Feriene Keninkryk de oarloch ferklearret oan Dútslân.
- 1944 - Anne Frank wurdt, nei ferrieden te wêzen, oppakt yn Amsterdam. Se wie ûnderdûkt yn it Efterhûs.
- 1945 - Prinses Juliana en har famylje komme út Kanada werom nei Nederlân. Se wienen dêr west yn de oarloch.
- 1966 - Loebas Oosterbeek rjochtet de Feriening Fan Tsjinstplichtige Militêren (VVDM) op.
- 1979 - Bontebok krijt de offisjele doarpsstatus
- 1995 - Kroaasje lansearret Operaasje Stoarm tsjin it Servyske leger yn Krajina dat him weromlûkt oant Bosnje.
- 2004 - Johan Abma, Pieter Scharringa en Daniël Iseger, winne de 147e edysje fan de PC. Iseger wurdt útroppen ta kening fan de partij.
- 2005 - Keninginne Beatrix besiket de provinsje Fryslân yn de rige fan provinsje-besites fanwege har 25-jierrich jubileum as keninginne.
[bewurkje seksje] Berne
- 1630 - Elisabet fan Oranje-Nassau, fjirde bern fan steedhâlder Freark Hindrik fan Oranje
- 1687 - Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz, Fryske steedhâlder
- 1755 - Nicolas-Jacques Conté, Frânsk keunstskilder en útfiner fan ûnder oare it grafytpotlead († 1806)
- 1901 - Louis Armstrong, Amerikaansk jazz-trompetist en sjonger († 1971)
- 1957 - Hilbert van der Duim, langebaanrider
- 1945 - Joop Boomsma, Fryske skriuwer.
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 885 - Godfried de Wytsing.
- 1060 - kening Hindrik I fan Frankryk
- 1578 - Sebastiaan I, kening fan Portegal, komt om yn de Slach fan Ksar-el-Kebir dit feroarsaket in dynastike krisis (* 1554).
- 1871 - Anne Franszoon Jongstra, Nederlânsk politikus
- 1875 - Hans Christian Andersen, Deenske dichter en skriuwer fan mearkes
- 1930 - Siegfried Wagner, Dútsk komponist
28 - 29 - 30 - 31 - 1 - 2 - 3 - 4 augustus - 5 - 6 - 7 - 8 - 9 - 10 - 11
fearnsjier werom - moanne werom - Alle dagen - moanne fierder - fearnsjier fierder - healjier