Wenen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Wenen
Wien
Collage von Wien.jpg
Sifers
Ynwennertal 1.712.903 (2010)
Oerflak 414,89 km²
Befolkingstichtens 4235,2 / km²
Stêdekloft 2.419.000
Hichte 151(Lobau) – 542 m
Polityk
Lân Eastenryk
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid CEST (UTC+2)
Koördinaten
Webside (in) Wien.gv.at - Offisjele webside

Wenen (Dútsk: Wien) is de haadstêd fan Eastenryk en fan it Bundesland Wien. Der wenje likernôch 1,6 miljoen minsken en it is de grutste stêd en kultureel en polityk sintrum fan Eastenryk. De stêd is nei Berlyn en Hamburch de tredgrutste Dútsktalige stêd op 'e wrâld. Rivier de Donau streamt troch de stêd en leit mar 40 kilometer fan de Slowaakske haadstêd Bratislava ôf. Om de dielsteat Wenen hinne leit de dielsteat Neder-Eastenryk. Eleminten fan it Hillige Roomske Ryk en fan it Eastenryk-Hongaarske Keizerryk oppenearje har yn it sintrum fan de stêd. Wenen is ek tige bekend om de komponisten Beethoven, Mozart en Strauss dy't der wurke hawwe en stoarn binne. De Feriene Naasjes hawwe ferskate agintskippen yn de stêd.

skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Wenen is ûntstien op it stee fan in fersterke Romeinsk legerkamp (Vindobono) oan de swette fan it Romeinske Ryk en wurdt foar in earst neamd as stêd yn 1137. Troch de Habsburgers (ein 13e ieu) waard Wenen ta residinsje en middelpunt makke fan harren besittings en waakse de stêd út ta ien fan de wichtichste steden fan Jeropa. Sûnt de 15e ieu wie Wenen haadstêd fan de keizers fan it Hillige Roomske Ryk. Twaris (1529 en 1683) is Wenen troch de Turken belegere west en yn 1805 en 1809 hawwe de Frânsken ûnder Napoleon de stêd bese. Yn 1939 foarme Wenen, nei de Anschluss, in ôfsûnderlike ryksgou. Yn april 1945 waard de stêd ferovere troch de Russen. Oant 1955 wie Wenen opdield yn fiif sônes, in Russyske, in Amerikaanske, in Britske, in Frânske en in mienskiplike.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]