Georg Friedrich Händel

Ut Wikipedy
Georg Friedrich Händel
Georg Friedrich Händel yn 1733
Georg Friedrich Händel yn 1733
persoanlike bysûnderheden
echte namme 'Georg Friedrich Händel
nasjonaliteit Dútsk
Britsk
berne 23 febrewaris 1685
berteplak Halle an der Saale
stoarn 14 april 1759
stjerplak Londen
wurkpaad
berop/amt Komponist
Hantekening

Georg Friedrich Händel (Halle an der Saale, 23 febrewaris 1685Londen, 14 april 1759) wie in Ingelske barokkomponist fan Dútske komôf. Händel hat in protte dramatyske muzyk wurken skreaun: 42 opera's, 29 oratoria, mear as 120 kantates, trio's en duetten. Dat komt oerien mei goed 2.000 aria's. Fierder Ingelske, Dútske, Italjaanske en Latynske tsjerkemuzyk, serenades en odes. Under syn ynstrumintale wurken falle de oargelkonserten, "concerti grossi", ouvertures en keamermuzyk lykas hobo- en fioelesonates en wurken foar klavesimbel en oargel.

Tegearre mei Johann Sebastian Bach, dy't yn itselde jier (1685) berne waard, wurdt Händel sjoen as ien fan de grutste komponisten fan syn tiid. Yn totaal komponearre Händel mear as 610 wurken, dêr't in protte noch hieltyd fan útfierd wurde.

Dit artikel is in stobbe oer komponist.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: