Boerum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Boerum
Flagge fan Boerum Wapen fan Boerum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Boerum
Gemeente Kollumerlân
Ynwennertal (2007) 594
Webstee Webstee Boerum
Herfoarme tsjerke
eardere grifformearde skoalle

Boerum (Burum) is in terpdoarp yn it súdeasten fan de gemeente Kollumerlân. It doarp hat likernôch 625 ynwenners.
Boerum leit oan de noardkant fan de Grinzer Strjitwei, tusken Bûtenpost en Gryptsjerk, op 53°16'N - 6°14'E. It doarp hat fia de Boerumer Faart, ek wol Skipsleat neamd, in wetterferbining mei de Lauwers, dy't sûnt de oanlis fan de N355 lykwols gjin iepen ferbining mear is.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Untstean

Boerum is in terpdoarp, yn de betide midsieuwen ûntstien op in kwelderwâl. It doarp waard yn 1408 foar it earste neamd yn in oarkonde, dêr't yn stiet dat de Boerumers de tsjerke oerdroegen oan de abt fan it kleaster Jeruzalem yn Gerkeskleaster. It wurdt dan Burum neamd, de troch de mûntsen ferlatynske foarm fan "de buorren".

[bewurkje seksje] De tsjerke

De tsjerke dy der no stiet is boud yn 1784. De preekstoel mei moai houtfykwurk is fan 1754. Ek hat de tsjerke hearebanken; de moaiste dêrfan is faaks dy fan de famylje Fogelsangh.

De rjochtstien

Op it tsjerkhôf is yn 1969 de op 'e nij fûne rjochtstien wer werom setten. De abt fan Gerkeskleaster beneamde de doarpsrjochter. Der waard rjocht sprutsen yn de iepenloft op it wijde tsjerkhôf. In tinkstien yn de tsjerkemuorre hâldt dit yn oantinken.

[bewurkje seksje] It frouljuskleaster Galilea

Yn 1204 stifte it sistersjenzer kleaster Jeruzalem it frouljuskleaster Galilea besúden Boerum. Dit wie bedoeld foar "gewoane" froulju. It kleaster hie in hechte bân mei it doarp. Sa wie bygelyks de prior faak ek pastoar fan Boerum. Yn 1479 kaam der in skieding tusken it besit fan Jeruzalem en Galilea. Galilea krige 720 pûnsmiet lân. Dit besit wreide him troch lettere skinkings fierder út.

Yn 1580 ferfoel it besit oan de Steaten fan Fryslân. Sa stadichoan waard it kleaster ôfbrutsen. Doe't der yn 1585 in skâns oanlein wurde moast yn Muntsjesyl waard wat noch oer wie dêrfoar brûkt. Op it plak dêr't it kleaster stien hat, Fryske Strjitwei 1-3 oan de súdkant fan de dyk, leit no in monumintale kop-hals-romppleats út om 1905 hinne.

It kleasterbesit wie in 24 pleatsen mei yn 't gehiel 1.180 pûnsmiet lân. Om de safolle tiid ferkochten de Steaten hjir nei 1600 wer in part fan. Wol moasten de keapers fan dat lân meiïnoar it traktemint fan de dûmny opbringe en de tsjerke en de skoalle ûnderhâlde. In protte fan it besit kaam yn hannen fan Sjouck van Fogelsangh, dy't fan harsels in Donia wie.

[bewurkje seksje] De mûne Windlust

Wynlust

Njonken de tsjerketoer falt by it doarpsoansjen benammen de mûne op. Op it plak fan Windlust út 1787, de tsjintwurdige mûne twa kilometer nei it súdwesten oan de Grinzer Strjitwei, waard yn 1694 al in mûne neamd. De nôt- en pelmûne Windlust sels datearret út 1787.

Yn 1997 ferkocht de lêste private eigner de mûne oan de gemeente Kollumerlân, en de mûne kaam doe yn behear fan de monumintenkommisje fan de gemeente. Yn 1999/2000 waard de mûne restaurearre en wer ree makke foar it meallen. Sûnt 6 maaie 2000 is de mûne wer yn it wurk, mei frijwillige mûnders. Der is in bân ûntstien mei de mûne "De Immigrant" yn in Falton (Illinois) yn de Feriene Steaten. Op 8 april 2012 baarnde de mûne ôf.

[bewurkje seksje] It Greate Ear

it grûnstasjon by Boerum

Boerum is benammen ek bekend fanwege It Greate Ear, in grûnstasjon foar satellytkommunikaasje, likernôch in kilometer noardwest fan it doarp oan de ein fan de Wytsmawei. It waard yn 1962 boud troch de PTT, en de satellytkommunikaasjeteleskoop dêr krige doe yn de folksmûle de namme "it grutte ear". It tal fan teleskopen is groeid, mar it hjoeddeiske stasjon, besit fan Xantic B.V, in gearwurkingsferbân fan Austraalje, Noarwegen en Nederlân, fiert de namme no ek offizjiel. Op it stasjon wurdt it satellytferkear ûntfongen dat dan fia kabels fierder ferstjoerd wurdt nei de klanten. Njonken de gearwurkende lannen meitsje ek omlizzende lannen gebrûk fan it stasjon, dat tegearre mei de tsjinhinger yn Perth (Austraalje) hast elts punt boppe de ierde dekt.

[bewurkje seksje] Doarpswapen

Oan de waachskeal kinne twa betsjuttings jûn wurde; earst stie yn Boerum in waach en ten twadde waard uyn dit doarp rjocht sprutsen. Dit barde oan de râne fan it tsjerkhôf Yn de dagen dat de abt fan Gerkeskleaster noch de jurisdikzje oer Boerum hie, sieten de rjochters op de grutte stien, dy't noch altiten op de hoeke fan it tsjerkhôf leit. De stien stiet as oantinken yn it wapen, it swarte krús op de stien ferwiist nei de hjurisdiksje fan de abt oer Boerum.

[bewurkje seksje] Mienskip

De feriening foar Pleatslik Belang hjit "Iendracht". It doarpshûs fan Boerum oan de Meihuizenstrjitte hjit Toutenburg. Der is in kristlike skoalle: Op de Hoogte. De jachthaven hjit De Dwinger.

Diels 17e en diels 19e ieusk pand oan de Uithof 4

[bewurkje seksje] Buorren

Yn de buorren hawwe yn de rin fan de tiid feroarings om de tsjerke hinne west, oan de Uithof en de Herestrjitte bylâns dy't de trochgeande rûte fan súd nei noard foarmjen gie en it doarp in langhalich karakter joech. Om de tsjerke stiet de Uithof, in fariaasje oan wenten dêr't it pân Uithof 4 (± 1840) mei in souterrain en in oer in trepbordes berikbere haadferdjipping fan opfalt. Oan De Wendel is yn 1878 op it stee fan de âlde pastorij yn in grutte tún in nijenien setten, in grutte blokfoarmige middengongwenning mei in ferdjippe portyk. Ek oan de Hearestrjitte steane in oantal soksoarte wenten, inkelde mei dekorative eleminten.
Krekt eastlik fan de terp lei de wichtige Eysmastate.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • kuorbalklup Boelensloane
  • iisklup
  • DES - follybal
  • De Uneinige horizon - motorklup
  • De Klos - biljerten
  • Advendo - brassband
  • Wettersportferiening

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje] Strjitten

De strjitten fan Boerum binne:

  • Bleijensteinstrjitte
  • De Meerpaal -
  • De Wendel -
  • H. Sipkesstrjitte -
  • Hearestrjitte -
  • Hoogstrjitte -
  • Keegensterwei -
  • Kleasterwei -
  • Rosemastrjitte -
  • Skipsleat -
  • Tsjerkepaad -
  • Uithof -
  • Van Eijsingawei -
  • Wytsmawei -

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen