Delaware
|
|
||||
![]() |
||||
| Ofkoarting | DE | |||
| Haadstêd | Dover | |||
| Tiidsône | -5 | |||
| Algemien | ||||
|---|---|---|---|---|
| Oerflakte | 6452 | |||
| Befolking | 830.364 | |||
| Oare ynformaasje | ||||
| Tatreden | 7 desimber 1787 | |||
| Oantal countys | ||||
Delaware is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Dover.
Ynhâld |
Skiednis[bewurkje seksje]
Eartiids waard Delaware befolke troch Yndianestammen as de Lenny Lenape, dy't ien fan de âldste Algonkin-sprekkende folken fan Noard-Amearika wienen. By de Jeropeanen waarden sy bekend ûnder de namme 'Delawares'. Sawol Nederlanners (Nij-Nederlân) as Sweden (Nij-Sweden) fêstigen har dêr yn de 17e ieu. Nei 1682 soe it gebiet part útmeitsje fan de koloanje Pennsylvania.
Delaware hearde by de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin it Ingelske gesach (sjoch: Amerikaanske Revolúsje). Op 7 desimber 1787 ratifisearre it as earste de nije Amerikaanse grûnwet. Hjirfoar krige it de bynamme First State. De grins tusken Marylân en Delaware is ûnderdiel fan de saneamde Mason-Dixon line.
Alhoewol't der yn Delaware slavernij wie, bleau it tidens de de Amerikaanske Boargeroarloch yn de Uny. Op 18 febrewaris 1865, krekt foar de oerjouwing troch de Konfederaasje, stimde Delaware lykwols tsjin de ôfskaffing fan de slavernij. It soe oant 12 febrewaris 1901 duorje ear't de steat it 13e amendemint fan de Grûnwet ratifisearre hie.
Geografy[bewurkje seksje]
De staat Delaware is 6452 km² grut en de op ien nei lytste steat fan de Feriene Steaten. De steat Rhode Island is noch lytser. Delaware heart ta de Eastern tiidsône.
Delaware is it noardeasten fan in skiereilân dy't sawat alhiel omjûn is troch de Atlantyske Oseaan. Yn it noarden grinzet it oan Pennsylvania, yn it westen en suden oan Marylân en yn it easten oan Nij Jersey.
De wichtichste rivier is de Delaware, dat ek de grins mei Nij Jersey foarmet. De heechste punt fan it flakke Delaware leit op amper 137 meter hichte.
Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje]
Delaware is ûnderferparte yn trije countys.
