Technology

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Healwei de 20e ieu is it de minske slagge om mei de technology de ierde te ferlitten om de romte te ferkennen.

Technology is yn it foarste plak it omsetten fan it witten yn systematyske hannelingen en produkten dêr't de minske ferlet fan hat. It omsetten sels kin troch oaren bestudearre wurde en brûkt wurde yn de technyk. It betinken fan oplossingen foar problemen fan praktyske of strukturele aard kin ek ûnderdiel fan de technology wêze. It wurd 'technology' wurdt ek wol brûkt as in oantsjutting foar ferskillende masines, ark en wurkwizen.

Technyk en technology[bewurkje seksje | edit source]

De grins tusken technyk en technology is net altiten dúdlik. De technyk beskriuwt in wurkwize dy't brûkt wurdt om in bepaald doel te heljen. De technology leit de klam op it witten om dy technyk te ferklearjen, risiko's en ûnderfiningen te beskriuwen, en nei fierdere (takomstige) mooglikheden te sjen.

Iere skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Neffens it wurdboek wurdt technology omskreaun as de lear fan 'e bewurkingen dy't de natuerlike grûnstoffen ûndergean yn 'e yndustry.[1] De skiednis fan de technology by de minske begûn mei it omsetten fan natuerlike grûnstoffen yn ark. In simpele hanneling lykas it meitsjen fan fjoer hat de minske by steat steld om mear dingen ite te kinnen en de útfining fan de fûstbile hat derfoar soarge dat minsken grûnstoffen en materialen bewurkje kinne. Troch de útfining fan it tsjil koenen minsken langere ôfstannen ôflizze.

Hjoeddeistige betsjutting[bewurkje seksje | edit source]

Troch de technology is de aard fan de mienskip feroare. Minsken kinne bettere huzen bouwe en gruttere ôfstannen ôflizze. Foaral op it mêd fan kommunikaasje hat de technology de wrâld feroare. Troch ferskate ferbiningen lykas tillefoans, kompjûters mei ynternet en radioweagen wie de minske by steat om op gruttere ôfstân hieltyd flugger kommunisearje te kinnen. It brûken fan ôfsprutsen symboalen (letters) en it brûken dêrfan yn boeken en op kompjûterbyldskermen hawwe derfoar soarge dat de oerdracht fan kennis hieltyd makliker en flugger plakfine koe. De minske kin troch syn ferwurvenheden op it mêd fan sûnens langer libje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frysk Hânwurdboek, Ljouwert 2008, Fryske Akademy en Afûk, lemma 'Technology'