Tennessee

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Tennessee
Vlag van Tennessee Zegel van Tennessee
Map of USA highlighting Tennessee.png
Ofkoarting 95
Haadstêd Nashville
Tiidsône -5 / -6
Algemien
Oerflakte 109.247
Befolking 5.900.962
Oare ynformaasje
Tatreden 1 juny 1796
Oantal countys TN

Tennessee is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Nashville.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste minsken dy't yn it hjoeddeiske Tennesse wennen, wienen Yndianestammen. Sy arrivearren sa'n 10.000 f. Kr. yn de omkriten. Doe't de Spaanske Konkwistadores ûnder lieding fan Hernando de Soto yn 1539–43 yn it gebiet kamen, wie it bewenne troch de Muscogee en Yuchi minsken. As gefolch fan Jeropeeske syktes rûn it tal Yndianen stadich tebek en troch tanimmende festiging fan Jeropeanen yn it noarden ferhuzen de oarspronklike bewenners nei it westen en suden.

It gebiet wie ynearsten besit fan de Frânsken. Yn de 18e ieu gong Tennessee oer yn Britske hannen. Op 1 juny 1796 waard de 16e steat fan de Feriene Steaten. Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch keas it de side fan de Konfederaasje.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Tennesse is 109.247 km² grut. It westen leit yn de Sintral-tiidsône, it easten yn de Eastern-tiidsône.

De steat grinzet yn it noarden oan de steaten Kentucky en Firginia, yn it noardwesten oan Missoury, yn it súdwesten oan Arkansas, yn it easten oan Noard Karolina en yn it suden oan Mississippy, Alabama en Georgia.

It easten fan de steat leit yn de Appalachen, wêr't him Clingmans Dome befynt, wêrfan de top mei 2025 meter it heechste punt fan de steat is. Dat diel stiet ek bekend ûnder de namme Great Smoky Mountains. It westen fan de steat is flakker. De wichtichste rivieren binne de Tennessee en de Cumberland.

Fotogallery[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]