Kiesrjocht

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Kiesrjocht is it rjocht om mei te dwaan oan ferkiezings. Aktyf kiesrjocht is it rjocht om by ferkiezings in stim út te bringen op in kandidaat, partij as oare persoenen dêr't oer stimd wurdt. It passive kiesrjocht is it rjocht om josels ferkiesber te stellen foar in bepaalde funksje.

Yn Fryslân wie oant 1795 de bestjoerlike ynrjochting hielendal basearre op it kiesrecht dat keppele wie oan besit fan stimhawwende pleatsen. De eigeners fan dy pleatsen mochten in stim útbringe wa at keazen waard foar bestjoerlike, tsjerklike as rjochterlike amten yn it doarp en yndirekt by de gritenij en de provinsje.