Nashville (Tennessee)
| Nashville | ||
| Fan boppe mei de klok mei: 2nd Avenue, Kirkland Hall by de Vanderbilt Universiteit, it neiboude Parthenon, stedssilhûet Nashville, LP Field, Dolly Parton yn de Grand Ole Opry en it Ryman Auditorium | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 635,710↑ (2009) | |
| Oerflak | 1.367,3 km² | |
| Befolkingstichtens | 465 / km² | |
| Stêdekloft | 1.582.264 | |
| Hichte | 182 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Tennessee | |
| County | Davidson | |
| Oar | ||
| Stifting | 1779 | |
| Tiidsône | CST (UTC-6) | |
| *Simmertiid | CDT (UTC-5) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | (in) Webside fan Nashville | |
Nashville is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Tennessee. De stêd hie yn 2009 635.710 ynwenners; it is op Memphis nei, de twadde stêd fan de steat. De agglomeraasje hat goed 1.582.000 minsken (2009).
Nashville leit oan de rivier de Cumberland yn Davidson County, yn it noard-midden fan de steat. De stêd is in sintrum foar sûnenssoarch, útjouwerijen, bankierjen en transportyndustry. Teffens binne der in tal universititen (sa as de Fisk University, de Universiteit fan Nashville, Tennessee State University en Vanderbilt Universiteit en tal fan kolleezjes. Nashville is it meast ferneamd fanwege har muzykyndustry (benammen country), dêrfandinne de bynamme Music City.
Demografy [bewurkje seksje]
Fan de befolking is 11 % boppe de 65 jier en bstiet dy foar 33,8 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens berintt 2,9 % (sifers folkstelling 2000).
Likernôch 4,7 % fan de befolking fan Nashville bestiet út hispanics en latino's, 26,8 % is fan Afrikaanske oarsprong en 2,4 % fan Aziatyske oarsprong.
It tal ynwenners gie omheech fan 488.188 yn 1990 nei 635.710 yn 2009.
Nashville hat in grutte mienskip fan Koerden om utens.
Klimaat [bewurkje seksje]
Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan 2,3 °C, yn july is dat 26,3 °C. Jierlikske delslach is trochstrings 1201,4 mm (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).
Ferneamde lju út Nashville [bewurkje seksje]
- Dêr berne
- William Walker (8 maaie 1824), Amerikaansk avontoerier
- Edward Emerson Barnard (16 desimber 1857), Amerikaansk astronoom
- Bill Frist (22 febrewaris 1952), Amerikaansk politikus
- Young Buck (15 maart 1981), Amerikaansk rapper
- Miley Cyrus (23 novimber, 1992), Amerikaanske aktrise en singer-songwriter
- James Denton (20 jannewaris 1963), Amerikaanske akteur
- Dêr wenne
- Ke$ha (1 maart 1987), Amerikaanske sjongster
- Taylor Swift (13 desimber 1989), Amerikaanske sjongster
- Suzy Bogguss (31 desimber 1966), Amerikaanske sjongster
- Dêr stoarn
- June Carter Cash (15 maaie 2003), frou fan:
- Johnny Cash (12 septimber 2003), Amerikaanske sjonger
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Nashville, Tennessee en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |