Laos
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
|||||
| Offisjele taal | Laotjaansk | ||||
| Haadstêd | Vientiane | ||||
| Steatsfoarm | Folksrepublyk | ||||
| Gebiet % wetter |
236.800 km² 2,0% |
||||
| Ynwenners (2005) | 6.217.141 | ||||
| Munt | Kip (LAK) | ||||
| Tiidsône | UTC +7 | ||||
| Nasjonale feestdei | 19 july | ||||
| Lânkoade | LAO | ||||
| Ynternet | .la | ||||
| Tillefoan | 856 | ||||
Laos is in lan yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Vientiane en de presidint fan de republyk is sûnt 1998 Khamtai Siphandon.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Laos wurdt begrinzge troch:
- Sina yn it noarden;
- Fietnam yn it easten;
- Kambodja yn it suden;
- Tailân yn it westen;
- Birma yn it noardwesten.
[bewurkje seksje] Lânskip
Yn it noarden wurdt Laos omjûn troch it Traminplato (2820 meter) en yn it suden troch it 2000 meter hege Bolovenplato. Om-ende-by 40% fan it lân bestiet út bosk mei ticht leafbosk opgeand yn reinwâlden.
Laos beskikt oer in tropysk moessonklimaat. It lân is it territoarium fan de Yndosineeske tijger, de giant gaur, en de Aziatyske oaljefant. In grut tal dieren binne de lêste jierren yn Laos ûntdekt, û.o. it streke Annamite knyn, de saola en noch mar krekt lyn de Laoske rotsrôt of kha-nyou.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn de 14e ieu waard mei de stifting fan it earste Laosjaanske keninkryk it boedisme ynfierd. Nei de besetting troch de Tais waard Laos op de ein fan de 19e ieu in Frânsk protektoraat en yn 1954 ûnôfhinklik. Under de Fietnamoarloch oermasterden kommunistyske revolusjonêre troepen grutte parten fan it lân. Yn 1974 kamen sy yn de regearing. By de stifting fan de folksrepublyk yn 1975 waard de lêste kening ôfsetten.