Oklahoma

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Oklahoma
Vlag van Oklahoma Gjin wapen
Map of USA highlighting Oklahoma.png
Ofkoarting OK
Haadstêd Oklahoma City
Tiidsône -6 / -7
Algemien
Oerflakte 181.196
Befolking 3.523.553
Oare ynformaasje
Tatreden 16 novimber 1907
Oantal countys 77

Oklahoma is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten. De haadstêd is Oklahoma City.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Eartiids waard Oklahoma befolke troch Yndianestammen as de Caddo, dêr't noch altyd ôfstammelingen fan yn de steat wenje.

Dêrnei wie it gebiet lange jierren yn hannen fan de Frânsken, útsein inkelde desennia op de ein fan de 18e ieu doe't Spanje de kontrôle hie. Lang om let ferkocht Frankryk yn 1803 Oklahoma oan de Feriene Steaten.

Yn de tritiger jierren fan de 19e ieu waarden in protte Yndianen út oare parten fan it lân nei de regio oerbrocht. Ien fan dizze Yndianestammen, de Choctaw-Yndianen, joegen oan Oklahoma harren namme. Yn harren taal betsjut okla soksawat as "folk" en homa "read". Plakken as Tulsa, Thalequah en Muskogee binne stifte troch Yndianen.

Fan de Yndianestammen hienen guon swarte slaven yn tsjinst. Under de Amerikaanske Boargeroarloch keazen bepaalde stammen de side fan de Konfederaasje, wêrfoar't sy nei de ôfrin fan de kriich swier straft wurde soenen troch de federale regearing.

Yn 1889 naam de oerheid de Yndianen al harren lân wer ôf en joech it fergees fuort oan blanke kolonisten. Op 16 novimber 1907 waard Oklahoma de 46e steat fan de Feriene Steaten.

Oaljewinning yn Oklahoma

Yn it begjin fan de 20e ieu waard der begûn mei grutskalige oaljewinning yn de omjouwing fan Tulsa, dat hie as gefolch dat in soad minksen nei it gebiet ta kamen. Tidens de krisisjierren late dat ta grutte droechte en ferkeard brûken fan de grûn, dêr't de saneamde Dust Bowl troch ûntstie. Fruchtbere ierde waard yn grutte stoarmen fuortblaasd wêrtroch in protte boeren de steat ûntflechte moasten. Dat wie ûnderwerp fan de roman The Grapes of Wrath fan John Steinbeck en fan de foto's van Dorothea Lange.

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Oklahoma is 181.196 km² grut en heart by de Sintral tiidsône. De steat grinzet yn it noarden oan de steaten Kansas en Kolorado, yn it westen oan Nij Meksiko, yn it easten oan Missoury en Arkansas en yn it suden oan Teksas.

De wichtichste rivieren binne de Red, de Arkansas en de Súd Kanadian. Yn Oklahoma lizze in soad grutte en lytse marren, lykas Lake Teksoma en Eufala Lake.

It súdeasten fan de steat is foar it meastpart heuveleftich. Lykwols leit de heechste punt yn it uterste noardwesten, nammentlik de top fan Black Mesa (1516 meter).

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Oklahoma is ûnderferparte yn 77 countys.

Berne yn Oklahoma[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

 
Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
Steaten

Alabama - Alaska - Arizona - Arkansas - Delaware - Fermont - Firginia - Floarida - Georgia - Hawaï - Idaho - Illinois - Indiana - Iowa - Kalifornje - Kansas - Kentucky - Kolorado - Konnetikut - Louisiana - Maine - Marylân - Massachusetts - Michigan - Minnesota - Mississippy - Missoury - Montana - Nebraska - Nevada - Nij-Hampshire - New York - Nij-Jersey - Nij-Meksiko - Noard-Dakota - Noard-Karolina - Ohio - Oklahoma - Oregon - Pennsylvania - Rhode Island - Súd-Dakota - Súd-Karolina - Teksas - Tennessee - Utah - Washington - West-Firginia - Wyoming - Wiskonsin

Ofhinklike gebieten
Amerikaansk-Samoä - Gûam - Amerikaanske Famme-eillannen - Noardlike Marianen - Puerto Riko

Federaal distrikt
District of Columbia