Wiskonsin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
State of Wisconsin
Vlag van Wisconsin Zegel van Wisconsin
Map of USA highlighting Wisconsin.png
Ofkoarting WI
Haadstêd Madison
Tiidsône -6
Algemien
Oerflakte 169.790
Befolking 5.509.026
Oare ynformaasje
Tatreden 29 maaie 1848
Oantal countys 72

Wiskonsin is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Madison.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Foardat de Jeropeanen yn it gebiet oankamen, waard it befolke troch ferskate yndiaanske folken. Oant de 18e ieu wie it gebiet yn Frânske hannen, dy't it letter kwyt reitsje soenen oan de Ingelsken. De namme is fia it Frânsk ôflaat fan in Myaamia-wurd dat "dizze rivier slingert him troch read stien" betsjutte soe en ferwiist nei de reade sânstiennen fan de Wiskonsin Dells.

Ta it grûngebiet fan Wiskonsin hearde ynearsten ek it gebiet dat yn 1835 oan Michigan tafoege wurde soe en no bekend stiet as it Boppe Peninsula.

Op 29 maaie 1848 waard Wiskonsin de 30e steat fan de Feriene Steaten. Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch stie it oan de side fan de Uny.

Stêden[bewurkje seksje | edit source]

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

It grûngebiet fan Wiskonsin 169.790 km² grut en leit yn de Sintral tiidsône. Wiskonsin grinzet yn it noarden oan de steat Michigan, yn it westen aan Minnesota en Iowa en yn it suden oan Illinois.

Wiskonsin leit oan twa fan de Grutte Marren: Boppemar en Michiganmar. De westgrins wurdt foar in grut part foarme troch de St. Croixrivier en de Mississippy. Troch de steat streamt de Wiskonsin rivier dy't yn de Mississippy útkomt. Fierders telt Wiskonsin in protte marren, wêr't Lake Winnebago de grutste fan is.

It lân is frij flak; it heechste punt is de pyk fan Timms Hill (595 meter).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]