Das

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Das
Meles meles MHNT.jpg
taksonomy
Ryk: dieren (Animalia)
Stamme: rêchstringdieren (Chordata)
Klasse: sûchdieren (Mammalia)
Skift: rôfdieren (Carnivora)
Famylje: martereftigen (Mustelidae)
Skaai: Jeraziatyske dassen (Meles)
soarte
Meles meles
IUCN-status: net bedrige

De das of taks (Latynske namme: Meles meles), om ûnderskie te meitsjen mei oare dassesoarten ek wol Jeropeeske das neamd, is in middelgrut sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae), dat ek yn Fryslân foarkomt, benammentlik yn 'e súdeasthoeke fan 'e provinsje. It is nau besibbe oan 'e Aziatyske das en de Japanske das, dêr't it mei feriene is yn it taksonomyske skaai fan 'e Jeraziatyske dassen (Meles). De dassen as groep foarmje in ynformele kloft dy't ferdield is oer trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen. In mantsjedas wurdt in bear neamd, en in wyfke in sûch of mot.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Fersprieding fan 'e das.

De das komt yn frijwol hiele Jeropa foar, útsein op Yslân, yn Skandinaavje en Ruslân boppe de poalsirkel, en op 'e measte eilannen yn 'e Middellânske See, al besteane der op 'e Grykske eilannen Kreta en Roados wol dassepopulaasjes. Bûten Jeropa is de das ek lânseigen yn Lyts-Aazje, de westlike helte fan Syrje, frijwol hiele Libanon, de noardlike helte fan Iraan en parten fan Irak, Turkmenistan, Afganistan, Oezbekistan en Tadzjikistan.

Yn Nederlân en Belgje komt er allinne mar yn 'e eastlike helte fan it lân foar. Yn Nederlân rint syn ferspriedingsgebiet fan 'e súdeasthoeke fan Fryslân en de súdlike stripe fan Grinslân nei it suden ta en omfettet hiele Drinte, Oerisel, Gelderlân en Limboarch, en fierders it Goai en it easten fan Utert en Noard-Brabân. It swiertepunt fan 'e Nederlânske dassepopulaasje leit op 'e Feluwe, yn súdlik Gelderlân, eastlik Noard-Brabân en Limboarch.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

De das is in gnobsk en swierboud bist mei yn ferhâlding koarte poarten en teffens in koarte sturt. De krêftige poaten binne bedoeld om mei te graven, en mei syn leech-by-de-grûnske, kylfoarmige lichem is de das folslein oanpast oan it libben yn in ûndergrûnske hoale. In folwoeksen eksimplaar hat trochinoar in kop-romplingte fan 67-80 sm, mei in sturtlingte fan 12-19 sm en in gewicht fan 6½-16½ kg. Mantsjes binne dúdlik swierder as wyfkes. De das hat in werkenbere koptekening, sa werkenber sels, dat de measte minsken dêr wierskynlik it earst oan tinke as hja har in das foarstelle: de frij brede kop is wyt, mar der rinne twa oerlânse streken fan 'e snút oer de eagen en earen hinne nei de nekke, wat de das in bytsje oan in maskere strûkrôver tinken docht. De tsjûkbehierre rêch is fierders griis fan kleur, wylst de bealch en de poaten swart binne. De beide earpuntsjes en de sturt binne wyt. Albinistyske, melanistyske (hielendal swarte) en erytristyske (rodzige) eksimplaren kommme yn beskate kriten frij algemien foar.

In das foar de yngong fan syn boarch.

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

De das komt foar yn in ferskaat oan lânskipstypes, mar hat in foarkar foar fersnipele bou- en greidlân met hjir en dêr boskjes, hagen en beamwâlen. Fral fiele dassen har goed thús yn rivierdellingen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | edit source]

Dassen binne sosjale bisten, dy't yn famyljegroepen fan ornaris trije oant seis bisten libje, al kinne yn tige fiedingsrike gebieten wol troepen fan tweintich dassen foarkomme. Se libje yn in eigengroeven hoale dy't in "boarch" neamd wurdt; sa'n dasseboarch hat almeast trije oant tsien yngongen, mar hiel âlde kinne yn ekstreme gefallen wol tachtich yngongen telle. Al dy yngongen liede nei in sintrale "wentsjettel", dêr't de dassen mei-inoar sliepe salang't it bûten ljocht is.

De das is nammentlik in nachtdier, dat him mar komselden foar de jûnsskimer sjen lit en mei de moarnsdage syn boarch wer opsiket. Nachts kinne se wol 4 km fier omdoarmje. Under geunstige omstannichheden omfettet it territoarium fan in dassekloft net mear as in 30 ha, mar yn marzjinale biotopen kin it wol 400 ha beslaan.

De peartiid falt foar dassen yn 'e betide maityd, al pearje se ek wol yn oare jiertiden. Nei in ferlinge draachtiid wurdt it embryo pas yn desimber ek echt ymplantearje yn it limoer en dan wurde der nei in wike as sân, ornaris tusken mids jannewaris en maart, 2-3 (1-5 is mooglik) jongen smiten. Nei twa moanne komme de jongen foar it earst boppegrûnsk en nei noch in moanne wurde se ôfwûn. As it fretten krap is, wurde de jongen noch foar de winter fan harren bertejier út 'e boarch en it territoarium ferdreaun; is der genôch te beplúzjen, dan meie se bliuwe, al geane de jonge bearen dan op 'en doer dochs op 'e swalk.

Fretten[bewurkje seksje | edit source]

Dassen binne allesiters, dy't benammen libje fan wjirmen, boskfruchten en nuten, poddestuollen, lytse kjifdieren, slakken en ynsekten. De das is it iennichste bist dat stikelbargen fret, dy't er mei syn lange krêftige graafklauwen útrôlet fan 'e bal dêr't se har ta oprôlje, sadat er by de kwetsbere bealch kin, dêr't gjin stikels op groeie. As er der kâns ta sjocht yt de das fierders ek graach lânbouprodukten, lykas nôt en maïs.

Status[bewurkje seksje | edit source]

De das hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân is de sitewaasje lykwols justjes oars. Om 1900 hinne wiene der nei skatting noch wol 10.000 dassen, mar bejaging en útrûging mei lânbougif (om't de das as skealik bist beskôge waard) soarge derfoar dat der om 1980 hinne noch mar in 1200 oer wiene. Trochdat de das dêrnei de status fan beskerme bistesoart krige, en troch de bemuoienissen fan 'e partikuliere feriening Das en Boom (oprjochte yn 1981), is it tal dassen yn Nederlân sûnt wer tanommen ta likernôch 4500 yn 2006. Yn Fryslân woeks it tal dassen tusken 1995 en 2001 oan mei 36%.

In yllústraasje fan in das dy't opjage wurdt troch in takshûn.

Dassen hawwe suver gjin natuerlike fijannen mear. Bisten as de wolf, de lynks of de brune bear komme yn fierwei it grutste part fan harren ferspriedingsgebiet net mear foar. Sadwaande is de minske foar harren de wichtichste fijân wurden. Oant it begjin fan 'e tweintichste ieu waard der in protte jacht makke op 'e das, wêrfoar't sels in spesifyk hûneras mei koarte poatsjes ûntwikkele waard, dat de das yn syn boarch folgje en him derút jeie koe: de takshûn of tekkel. Tsjintwurdich wurde dassen troch minsken fral by ûngelok deade yn it ferkear, as se in drokke dyk oerstekke. Om dat foar te kommen, binne, fral op 'e Feluwe en omkriten, dassetunnels ûnder snelwegen troch oanlein.

Ek al hawwe dassen hjoed de dei in beskerme status, dochs binne der noch withoefolle lju dy't miene dat se skealik foar de lânbou binne of dat se hûnsdûmens ferspriede. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat dat mearkes binne, mar guon minsken wegerje planút har mispleatste opfettings te wizigjen en sadwaande wurde dasseboargen spitigernôch noch faak moedwillich fersteurd.

Domestisearring[bewurkje seksje | edit source]

Der besteane ferskate ferslaggen fan dassen dy't domestisearre binne. Nuete dassen skine oanhellerige húsdieren wurde te kinnen en men kin se beleare om te kommen as men har namme ropt. Se binne net dreech te fuorjen, mei't se hast alle wol ite wolle, al hat bliken dien dat se in swak hawwe foar bargefleis. Se kinne de minske helpe troch rotten, mollen en kninen te bejeien. Hoewol't der ien ferhaal bestiet oer in das dy't befreone rekke mei in foks, duldzje se oer it algemien gjin hûnen of katten om har hinne. Mei't dassen no in beskerme bistesoarte foarmje, is it hâlden en domestisearjen fan dassen hjoed de dei strang ferbean.

Opsomming fan ûndersoarten[bewurkje seksje | edit source]

Der binne 8 (stân fan saken fan 2005) erkende ûndersoarten fan 'e Jeropeeske das:

  • de Ferganadas (Meles meles severzovi)
  • de gewoane of Westjeropeeske das (Meles meles meles)
  • de Ibearyske das (Meles meles marianensis)
  • de Kizlyardas (Meles meles heptneri)
  • de Kretinzyske das (Meles meles arcalus)
  • de Noarske das (Meles meles milleri)
  • de Rodinzyske das (Meles meles rhodius)
  • de Transkaukazyske das (Meles meles canascens)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.