Hûneras

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In hûneras is in groep hûnen mei yn uterlik en gedrach oerienkomstige eigenskippen. In hûneras ûntstiet trochdat minsken selektyf op dizze kenmerken fokke.

'Freonen' fan Carl Steffeck

Earst waarden hûnen meastentiids selektearre op harren talinten om de minsken te helpen, bygelyks by it hoedjzen fan it fee, meihelpe tidens it jachtsjen, of it bewaken fan hûs en hiem. Dêrby waard sawol nei gedrachs- as op fysike eigenskippen sjoen, mar foaral nei it gedrach.

Troch de klam op it wurkvermogen hawwe de tradysjonele rassen in grutte fariaasje yn it uterlik. Alde rassen wurde dêrom ek wol oantsjut as slach of type. Fan de 19e ieu ôf ûntstiet der in gruttere oandacht foar it uterlik fan de hûnen. Der wurde hieltiten mear ferskillende hûnerassen erkend.

Dat betsjut dat de eigenskippen fan de hûnen beskreaun wurde yn in rasstandert en de ôfkomst fan de rashûnen wurdt registearre yn in stamboek. Op dizze wize waard fokt om ienheid te krijen yn it eksterieur en mei in fêste fererving. Dat wol sizze dat twa hûnen fan itselde ras allinich mar jongen krije mei itselde uterlik as de âlden.

Tsjintwurdich binne der mear as 300 hûnerassen erkend. Yn Nederlân en Belgje jildt de yndieling dy't troch de ynternasjonale federaasje fan kynologenklubs makke is (sjoch List fan hûnerassen), mar foaral yn Grut-Brittanje en de Feriene Steaten wurde oare rasyndielingen brûkt.