Carl Steffeck

Ut Wikipedy
Carl Steffeck, c.1880

Carl Constantin Heinrich Steffeck (Berlyn, 4 april 1818 - Königsberg, 11 july 1890) wie in Dútsk keunstskilder en grafikus. Hy waard fral bekend fan syn skilderijen fan hynders en hûnnen.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steffeck syn heit hie ek niget oan keunst. Doe't er noch op it gymnasium siet folge er ek al lessen oan de Prusyske Akademy fan Keunsten. Yn 1837 folge er lessen fan hynsteskilder Franz Krüger en letter gie er oan 't wurk yn de ateliers fan Carl Joseph Begas. Yn 1839 studearre er twa moanne by Paul Delaroche yn Parys en waard dêr beynfloede troch it wurk fan Horace Vernet. Fan 1840 oant 1842 hâlde er ta yn Itaalje.

Werom yn Dútslân wijde er him yn 't foarste plak oan it skilderjen fan jagers en bisten. Yn de rin fan de tiid konsentrearre er him mear op hynders, mar gie ek troch mei it skilderjen fan portretten, makke histoarjestikken, litografyen, etsen en sels lytse brûnzen fan bisten. Max Liebermann, syn learling, koe him te binnen bringe dat er lytse ruterportretten skildere, dy't er foar seis Friedrichsdor it stik ferkocht at se noch net iens opdrûge wiene.

Fan de fyftiger jierren ôf oan, wijde er him hieltyd mear oan lesjaan. Yn 1859 waard er perfester oan de Prusyske Akademy en yn 1880 waard er beneamd ta direkteur fan de keunstakademy fan Keningsbergen. ta syn meast ferneamde wurken dy't gjin bisten ta ûnderwerp hawwe hearre 'De Eksekúsje fan Robert Blum yn Brigittenau' en in rige sênes út de skiednis fan Prusen foar it Wilhelms-Gymnasium yn Königsberg.

Hy ferstoar hommels oan in beroerte en waard beïerdige op it Frânsk Tsjerkhof yn Berlyn.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierder lêze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Carl Steffeck : (1818–1890); seine Kunst, sein Leben, seine Werke zur Ausstellung aus dem Nachlasse Carl Steffecks Oktober 1913, fan Max Liebermann, et al., Cassirer, Berlyn (1913)

Keppelings om utenss[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Carl Steffeck fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in, bytsje ynkoarte, oersetting fan it artikel Carl Steffeck fan de Ingelsktalige Wikipedy.