Oerisel

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Provinsje Oerisel
Provinsjeflagge Provinsjewapen
Flagge fan Oerisel Wapen fan Oerisel
Lokaasje fan de provinsje Oerisel
Haadstêd Swol
Kommissaris fan
de Keninginne
Ank Bijleveld
Religy (1999) Protestant 32%
Katolyk 27%
Oerflak
- Lân
- Wetter
4e
3.327 km²
94 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens
7e
1.109.250 ((2005))
333 inw./km²
Geografyske lizzing 52°50' NB 6°08' OL
Folksliet Aan de rand van Hollands gouwen
Offisjele webside www.overijssel.nl

Oerisel (Overijssel) is in provinsje fan Nederlân, mei 1.109.250 ynwenners (1 jannewaris 2005), en mei in oerflak fan 3531,13 km².

Oerisel leit tusken yn it suden en súdwesten Gelderlân, yn it westen Flevolân, yn it noarden Fryslân en Drinte en yn it easten Dútslân. De haadstêd is Swol. De grutste stêd is Ynskedee. Njonken Nederlânsk wurde yn Oerisel Nedersaksyske dialekten sprutsen.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De âldste bewenning fan Oerisel is nei alle gedachten net âlder as it begjin fan de jiertelling. Dat wie dan nog fral yn Twinte om't de legere parten te sompich wienen om dêr wenje te kinnen. Mei it opkommen fan bettere ôfwetteringtechnyk yn de 7e ieu waard de bewenning fan rest fan Oerisel mooglik. Doe't de Karolingen hjir oankamen wennen hjir Saksen.

Oerisel waard tafoege oan it ryk fan Karel de Grutte, en letter troch Hendrik III fan Dútslân oan de biskoppen fan Utert (stift) yn lien dien as it Oerstift. Mar dit lien hat, oant it mei alle wrâldske macht fan Utert yn 1528 nei Karel V oergong, nea sûnder problemen west.

Troch hiel de Tachtichjierrige Oarloch wie Oerisel part fan it striidfjild, en doe't dy foarby wienen kamen yn 1665 en 1672 de ynfallen fan Munster.

Yn de Frânske tiid waard Oerisel fan 1798 oant 1801 part fan it Departemint fan de Alde Isel; dêrnei wie it in selsstannich departemint, mar it hie oant 1805 al it lânskip Drinte derby. Yn 1814 waard it in provinsje fan it Keninkryk fan de Nederlannen. Earst yn de 19e ieu soargen lânoanmakkerij en yndustrialisaasje foar in ferbettering fan de libbensomstannichheden.

Yn 1950 waard Urk tafoege oan Oerisel, en yn 1962 waard de Noardeastpolder "tydlik" in gemeente fan Oerisel. Yn 1986 waarden beide part fan de nije provinsje Flevolân.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]