Urk

Ut Wikipedy
Gemeente Urk

Haven fan Urk
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Flevolân
boargemaster Cees van den Bos (SGP)
sifers en geografy
haadplak Urk
ynwennertal 21.847 [1] (31 jannewaris 2023)
befolkingstichtens 1.614 ynw./km²
oerflak 111,86 km²
● wêrfan lân 13,15 km²
● wêrfan wetter 98,71 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren N351 N352
skiednis
oprjochte Sûnt 1824 selstannige gemeente
oar
netnûmer 0527
postkoade 8320-‎8324
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.urk.nl

Urk is in plak en gemeente yn de Noardeastpolder yn de provinsje Flevolân. Urk is de lytste gemeente fan Flevolân. De gemeente hat 21.847 (31 jannewaris 2023, boarne: CBS) op in oerflak fan 13,15 km².

Oant 1939 wie Urk, doe’t de dyk mei De Lemmer ôfboud waard, in eilân yn de Iselmar, en foar 1932 in eilân yn de âlde Sudersee. Yn 1942 waard de Noardeastpolder drûch makke, mar foar de bewenners fan Urk libbet it eilângefoel noch hieltyd. De minsken wenje dan ek net ‘yn Urk’, mar 'op Urk'.

It dialekt fan Urk, it Urkersk, is in tige libbend dialekt en wykt bot ôf fan oare dialekten yn de omkriten. Urk hat syn eigen folksliet, it Urker Folksliet. It wurdt benammen songen by keningsdei en oar offisjeel barren.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haven fan Urk
Skipswerf Hakvoort
Urker jonge fammen

De âldste bekende fermelding fan Urk is de skinkingsakte út 966 fan keizer Otto I oan it Sint-Pantaleonskleaster by Keulen. De tekst is:“Cuiusdam insulae medietatem in Almere, que Urch vocatur” ("De helte fan in eilân yn it Almere, dat Urch neamd wurdt"). Almere wie yn dy tiid in binnenmar of –see op it plak dêr’t no de Iselmar en Flevolân lizze.

Al sûnt de 10e iuw moat der bewenning west hawwe op Urk. It wie doe eigendom fan it Sint-Pantaléonskleaster yn Keulen. Yn de 13e iuw kaam Urk yn hannen fan de greven fan Hollân en noch wer letter foel it ûnder it gesach fan de boargemaster fan Inkhuzen. Yn 1660 krige de gemeente Amsterdam it gesach oer Urk. Amsterdam krige sa mear macht oer de hannel, Urk lei midden yn de Sudersee en alle skippen farden by Urk del, op wei nei Amsterdam. It eilân hat oant 1792 fan Amsterdam west, wêrnei't it ûnder it gesach fan 'e Steaten fan Hollân kaam. Pas yn 1824 waard Urk in selsstannige gemeente. Oant 1950 bleau Urk by de provinsje Noard-Hollân, dêrnei by Oerisel. Sûnt de stifting fan de gemeente Flevolân yn 1986 makket it dêr ûnderdiel fan út. Urk is de ienichste gemeente dy’t yn trije ferskate provinsjes lein hat.

Kontroversjeel ûndersyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lykas by oare isolearre befolkingsgroepen it gefal wie, waarden oan de Urkers ferskate karaktereigenskippen takend, dy't út inoar rûnen fan gastfrijheid en in grut gefoel foar eigenwearde oant koppichheid en ûndissiplinearre, taai en fêsthâldend. Dy lêste karaktereigenskippen wurde ûndersteund, troch't de ynwenners fan Urk yn de ôfrinne iuwen in protte rampen en feroarings fan de leefomstannichheden meimakke ha.

Om 't guon wittenskippers mienden dat de bewenners fan it gebiet om de Sudersee it oer-Nederlânske ras fertsjintwurdigen, foarmen de Urkers fanwegen harren isolaasje in oantreklik ûnderwerp foar ûndersyk en stúdzje. Ien dêrfan wie de Hilsfertsomske dokter Johannes Fredericus van Hengel (1811-1892), dy't skedels fan it tsjerkhôf stiel en dy letter joech oan de heechlearaar Pieter Harting (1812-1885). De holleplassen bleaune 133 jier yn Utert yn fitrine's en kasten en waarden út en troch brûkt foar ûndersyk. Nei in striid fan jierren fan it Komitee Urker Skedels waarden de skedels yn 2010 lang om let werom jûn, om dy op Urk op 'e nij te begraven op it hôf by it Tsjerkje oan 'e See, dêr't in monumint stiet.[2][3] Oan it begjin fan de 20e iuw folge fierder ûndersyk nei de Urker befolking om't der tocht waard dat de Urkers yn negative sin ôfwykten fan de Nederlânske befolking. Ek antropologen lykas Haring Tjittes Piebenga en Arie de Froe (1907-1992) diene yn de jierren 1930 ûndersyk nei it skaaimerken fan de Sudersee-befolking. Piebenga sammele yn 1938 op Urk foar de 'Stichting voor het Bevolkingsonderzoek van de Drooggelegde Zuiderzeepolders' gegevens fan 289 bern en 432 folwoeksenen. Dêrby waarden û.o. de plassen fan de proefpersoanen opmetten.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Urker fiskerboaten

De Urkers hawwe har benammen talein op de fiskerij. Yn de jierren sechtich waard der in fiskôfslach op Urk boud, de grutste fan it lân. Der waard tocht dat mei de bou fan de Ofslútdyk it wol dien wêze soe mei de fiskerij, mar de fiskerij gien him talizzen op it fiskjen op de Noardsee. Nei alle gedachten wurdt der elts jier sa'n 2 miljard oan fisk eksportearre fan Urk nei lannen as Itaalje en Frankryk.

Wol bliuwt Urk in relatyf 'earme' gemeente. Yn 2006 lei it gemiddelde ynkommen mar leafst 16% ûnder it lanlik gemiddelde. Ek yn 2019 hearde Urk mei it gemiddelde ynkommen de ynwenner noch jimmeroan by de 25% earmste gemeenten fan Nederlân.[4] Dêrfoaroer stiet Urk bekend as de meast goederjouwske gemeente.[5] Tradisjoneel wurde alle jierren bygelyks krystkollektes yn it doarp holden; yn in oere tiid wisten de Urkers yn 2021 133.000 euro foar it goede doel yn te sammeljen.[6]

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Urk is in sterk groeiende gemeente en de oanwaaks komt fral fan de Urker befolking sels. Yn ferlikening mei de rest fan Nederlân hat Urk in jonge befolking.

Jier 1795 1849 1899 1940 1970 1980 1995 2001 2009 2012 2015 2018 2021
Ynwenners 575 1.214 2.764 4.082 8.072 10.187 14.466 16.231 18.062 18.950 19.705 20.524 21.227

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leauwe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Immanueltsjerke

Urk is ien fan de meast tsjerklike plakken fan Nederlân. De sekularisaasje op in soad oare plakken yn Nederlân liket op Urk gjin fet te krijen; 98% fan de befolking heart by in tsjerkemienskip en in grut part dêrfan makket ek sneins de gong nei tsjerke.[7] Fierwei it grutste part fan de Urkers is protestantsk, it persintaajze katoliken komt net fierder as likernôch 2%. Der binne likernôch 25 tsjerken op Urk en ek yn de útwreidingswiken fan Urk wurde nije tsjerken boud.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Urk wie fan âlds in grifformeard- en ARP-bolwurk (yn 1980 opgien yn it CDA). Sûnt de jierren 1970 is benammen de posysje fan de kristlik-grifformearde tsjerke tige groeid en waard de SGP de grutste partij op Urk. Nei't it riedslid Jan Koffeman út de fraksje set waard en dy in eigen reformatoaryske partij ûnder de namme 'Hart van Urk' oprjochte rekke de SGP de posysje as grutste partij kwyt oan de KristenUny. Hast alle keazen partijen yn de gemeenteried hawwe in kristlike grûnslach. De PVV, dy't mei ien sit (2021) yn de ried fertsjintwurdige is, foarmet de útsûndering.

Urker klaaiïng[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Urkerdei (2017)

Urk is ien fan de plakken yn Nederlân dêr't de tradisjonele dracht noch lang droegen waard. Oant yn de jierren 1970 bleaune Urker froulju trou oan de eigen dracht, dêrnei ferdwûn de dracht stadichoan út it doarpsbyld. Tsjintwurdich wurdt de dracht massaal droegen op Urkerdei, de dei foar Pinkster. Ek wurdt de Urker dracht jimmeroan faker sneins yn tsjerke droegen.[8] Ferskillende Urker sjongkoaren drage by optredens ek de Urker klaaiïng.

Symboalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 26 novimber 1819 waard by Keninklik Beslút in wapen jûn. It is in wapen yn de kleur blau, mei in grize skylfisk derop.

Urk hat in eigen flagge en wapen. De flagge waard yn 1964 troch de Stifting foar Banistyk en Heraldyk makke. De omskriuwing is: blau mei in wite skylfisk, lâns de boppekant fan de flaggen in smelle, twa horizontale banen fan read en wyt en oan de ûnderkant fan de flagge in smelle, yn twa horizontale banen fan read en wyt. It ûntwerp is yn 1965 troch de gemeenteried fêststeld.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fjoertoer fan Urk

Urk hat in beskerme doarpsgesicht.

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Urk is mei de auto te berikken fan de A6 fia de N352. Fan Emmeloard ôf kin de N351 it bêste naam wurde.

Yn de simmermoannen is der trije kear deis in boatferbining tusken Urk en Inkhuzen.

Mei de bus kin men yn Urk komme mei line 141.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Flevolân
Flagge fan de provinsje Flevolân
Almeare - Dronten - Lelystêd (haadstêd) - Noardeastpolder - Urk - Zeewolde

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: