Steatkundich Grifformearde Partij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oersjoch fan SGP-stimmers yn de gemeenten by de Twadde Keamer ferkiezings fan 2003
Logo SGP

De Steatkundich Grifformearde Partij (Nederlânsk: Staatkundig Gereformeerde Partij) is in politike partij dy't oprjochte is op 24 april 1918. De SGP is yn Nederlân de iennige kristlike partij dy't nei in teokrasy stribbet.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De SGP hat fan 1922 ôf altiten yn de Twadde Keamer fertsjintwurdige west. Hy is dêrmei de iennichste Nederlânske partij fan foar de Twadde Wrâldkriich; alle oare âldere partijen binne sûnt dy tiid opheft of fusearre of ûnder in oare namme fierder gien. De partij waard oprjochte fanwege ûnfrede oer de doe besteande protestantsk-kristlike partijen, nammentlik de ARP en CHU. It partijprogram is nei eigen sizzen basearre op Bibelske wearden en noarmen sa as dy yn de reformatoaryske belidenisskriften nei foaren komme. Ds. G.H. Kersten, predikant fan de Grifformearde Gemeenten wie de driuwende krêft by de oprjochting fan 'e partij.

SGP-fraksjelieders yn de Twadde Keamer:

Utslaggen ferkiezings foar de Twadde Keamer[bewurkje seksje | edit source]

  • 1946: 2,1% - 2 sitten
  • 1948: 2,3% - 2 sitten
  • 1952: 2,4% - 2 sitten
  • 1956: 2,2% - 2 sitten (nei útwreiding Twadde Keamer: 3)
  • 1959: 2,1% - 3 sitten
  • 1963: 2,2% - 3 sitten
  • 1967: 2,0% - 3 sitten
  • 1971: 2,3% - 3 sitten
  • 1972: 2,2% - 3 sitten
  • 1977: 2,1% - 3 sitten
  • 1981: 1,9% - 3 sitten
  • 1982: 1,8% - 3 sitten
  • 1986: 1,8% - 3 sitten
  • 1989: 1,9% - 3 sitten
  • 1994: 1,7% - 2 sitten
  • 1998: 1,7% - 3 sitten
  • 2002: 1,7% - 2 sitten
  • 2003: 1,5% - 2 sitten
  • 2006: 1,6% - 2 sitten
  • 2010: 1,7% - 2 sitten
  • 2012: 2,1% - 3 sitten

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]