Almere (mar)

Ut Wikipedy
De Almere.

De Almere wie in mar of binnensee dy't op it plak lein hat, dêr't no parten fan Flevolân, de Markermar en de Iselmar lizze. De mar wurdt neamd yn it libbensferhaal fan de Angelsaksyske biskop Bonifatius. Hy fear yn 753 oer de Aelmere (mei it wurd 'ael' wurdt mooglik 'iel' bedoeld). Nei alle gedachten hat it wetter yn de Almere yn dy tiid swiet oant swak brak west. De tsjerke fan Utert hat fiskrjochten yn de mar hân.

Untstean en ein fan de Almere[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 44 nei Kristus neamde Pomponius Mela, in Romeinske ierdrykskundige, yn syn "De Choreographia" it wetter noch Lacus Flevo. Oare boarnen sprekke fan Flevum, dat flystream betsjut. De Flevomar ûntwikkele him nei de Romeinske Tiid troch ôfslach fan de wâlen ta de Almere.

Uteinlik hawwe inkele faktoaren der foar soarge dat út de Almere de Sudersee ûntstien is, te witten:

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De stêd Almere yn Flevolân is letter nei de Almere ferneamd.