KristenUny

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
KristenUny
ChristenUnie.svg
Partijlieder Arie Slob
Partijfoarsitter Piet Adema
Oprjochting 2001
Haadsit De Haach
Ledetal 26.441 (2010)[1]
Jongereinorganisaasje PerspectieF
Rjochting Sintrum
Ideology Kristlik-sosjaal
Wittenskiplik buro Mr. G. Groen van Prinsterer Stichting
Europeeske fraksje EKR
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside www.christenunie.nl

De KristenUny (CU) is in kristlik-sosjale Nederlânske politike partij fan ortodoks-protestantske sinjatuer, dy't fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en yn provinsjale en gemeentlike bestjoeren. De KristenUny is yn it Jeropeesk Parlemint fertsjintwurdige mei ien sit.

Fan 22 febrewaris 2007 ôf wie de KristenUny mei it CDA en de PvdA part fan it Kabinet-Balkenende IV. Op 20 febrewaris 2010 stapten de PvdA-bewindslieden nei in skeel oer Taskforce Uruzgan út dit kabinet, wêrnei't CDA en CU yn in demisjonêr kabinet fierder gienen.

De politike jongereinorganisaasje fan de KristenUny is PerspectieF.

Stânpunten[bewurkje seksje | edit source]

Grûnslach[bewurkje seksje | edit source]

De Unyfundearring fan de Kristenuny is:

De ChristenUnie erkent Gods heerschappij over het staatkundig leven, dat de overheid door God is gegeven en in zijn dienst staat en dat christenen de verantwoordelijkheid hebben actief te zijn in de samenleving. Zij fundeert haar politieke overtuiging op de Bijbel, het geïnspireerde en gezaghebbende Woord van God, die door de Drie Formulieren van Eenheid wordt nagesproken en die ook voor het staatkundig leven wijsheid bevat.

De ferwizing nei de Trije Formulieren fan Ienheid leit gefoelich by in protte kristenen, omdat dêryn ûnder oaren de folwoeksenedoop fersmiten wurdt. Yn de Heidelbergske Kategismus wurdt de rooms-katholieke earetsjnst oantsjut as "paapske mis" en as "ferflokte ôfgoderij". Foar in soad katoliken is dit noch in drompel foar lid wurden fan de partij.[2] Sels ferklearret de partij dat de ferwizing net bedoeld is om yn te stimmen mei de Trije Formulieren, mar om yn te stimmen mei de "politike oertsjûging fan de KristenUny dy't fuorkomt út dit gedachteguod".[3] Yn de KristenUny is men benaud dat it fuortheljen fan de ferwizing ferdieldheid fan gefolgen hawwe kin. Fraksjefoarsitter Arie Slob sei dêroer: "We moeten dit ook niet forceren, met als gevolg dat er verdeeldheid in de partij ontstaat".[2]

Organisaasje en leden[bewurkje seksje | edit source]

De KristenUny hat in federative struktuer. De lokale partijen binne selstannige ferienings mei in folslein foech en gjin ôfdielingen fan de lanlike partij, sa't by in protte oare partijen wol it gefal is. Dizze pleatslike ferienings foarmje de leden fan de lanlike feriening.

Leden lokale KristenUnys
Jier Oantal leden
1 jannewaris 2002 27.250
1 jannewaris 2003 27.000
1 jannewaris 2004 25.074
1 jannewaris 2005 24.235
1 jannewaris 2006 24.156
1 jannewaris 2007 26.673
1 jannewaris 2008 27.683
1 jannewaris 2009 26.745
1 jannewaris 2010 26.441 [4]
Bron: ChristenUnie - ledentallen (DNPP)


partijfoarsitter fan oant tsjerke
Thijs van Daalen 22 jannewaris 2000 9 april 2005 NGK
Peter Blokhuis 9 april 2005 12 maaie 2012 PKN
Klaas Tigelaar (wnd.) 1 jannewaris 2013 13 april 2013 GKV
Piet Adema 13 april 2013 oant no GKV

Twadde Keamer[bewurkje seksje | edit source]

De Twadde Keamer fraksje bestiet sûnt de Twadde Keamerferkiezingen fan 2010 út fiif persoanen (de ynstalaasje fûn plak op 17 juny 2010):

  1. Arie Slob (fraksjefoarsitter)
  2. Cynthia Ortega-Martijn
  3. Carola Schouten
  4. Joël Voordewind
  5. Esmé Wiegman-van Meppelen Scheppink

Earste Keamer[bewurkje seksje | edit source]

De Earste Keamerfraksje bestiet sûnt de Earste Keamerferkiezingen 2007 út fjouwer persoanen (ynstalearre op 12 juny 2007):

  1. Egbert Schuurman (fraksjefoarsitter)
  2. Remmelt de Boer
  3. Roel Kuiper
  4. Flora Lagerwerf-Vergunst

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Forse ledenwinst D66 op telegraaf.nl (sjoen op 071210
  2. 2,0 2,1 ‘Drie formulieren’ ChristenUnie zijn drempel, Nederlands Dagblad, 5 desimber 2009
  3. Webside KristenUny, rieplachte op 31 maart 2010
  4. Forse ledenwinst D66, De Telegraaf, 18 jannewaris 2001